Kânsryk Cambuur fergriemt foarsprong en ferliest fan Jong Ajax

Sportklup Cambuur hat mei 2-3 ferlern fan Jong Ajax. Sân minuten foar de ein fan de wedstriid stiene de Ljouwerters noch foar, en se krigen in see oan kânsen, mar it fizier stie net op skerp stie, en sa koene de Amsterdammers yn de lêste minuten de winst pakke.
© www.orange-pictures.nl
Mei yn de basis Michael Breij, dy't fan in knibbelblessuere werom kaam, begûn Cambuur net al te bêst tsjin de Ajax-beloften. Al nei acht minuten kamen de Amsterdammers op in 0-1 foarsprong troch Kenneth Taylor. De middenfjilder koe it strafskopgebiet yndribbelje en de bal yn de fiere hoeke binnen sjitte.

Cambuur gau op foarsprong

De Ljouwerters giene dêrnei fuort yn de oanfal om de lykmakker ôf te twingen. Dat slagge al nei in lyts kertier: Mees Hoedemakers krige alle romte om fan in meter as tweintich út te heljen. Syn skot gie fia de hân fan keeper Kjell Scherpen de krusing yn: 1-1.
Sân minuten letter wie it ek al 2-1, doe't Jamie Jacobs de bal troch in flater yn de opbou fan rjochtsback Neraysho Kasanwirjo ôfpakke koe. Jacobs spile de bal breed op Breij, dy't mei in pleatst skot syn rentree opfleure koe. De Ljouwerters bleaune dêrnei de oanfal sykjen, mar kamen yn de earste helte net mear ta grutte kânsen.

Ljouwerter kânserein, Amsterdamse doelpunten

Cambuur gie yn de twadde helte fuort wer yn de oanfal en kreëarre al gau in tal kânsen, mar eltse kear stie doelman Scherpen de Ljouwerter doelpunten yn 'e wei en ek de peal hold in doelpunt tsjin.
Dêr't Cambuur it fizier net op skerp hie, hiene de Ajacieden dat wol. Mei noch sa'n sân minuten te gean koe Sontje Hansen de bal op gelokkige wize by Devyne Rensch krije, dy't lykmakker binnen skeat.
Doe wie de gifbeker noch net leech foar de Ljouwerters, want mei noch sa'n twa minuten te gean kopte Enric Llansana ek nochris de 2-3 binnen.
Sjoch hjir nei de reaksjes fan Henk de Jong en Robert Muhren.
Sportklup Cambuur - Jong Ajax 2-3. 8. Kenneth Taylor 0-1, 15. Mees Hoedemakers 1-1, 22. Michael Breij 2-1, 83. Devyne Rensch 2-2, 88. Eric Llansana 2-3.
Opstelling Sportklup Cambuur: Stevens; Sambissa, Kramer, Mac-Intosch (89/Pouwels), Schmidt; Hoedemakers (77/Ter Heide), Jacobs, Maulun; Korte, Mühren, Breij (67/Antonia).