Motorrider ferstoarn by oanriding op yndustryterrein Ljouwert

07 nov 2020 - 19:13

By in slim ûngelok yn Ljouwert is in 27-jierrige motorrider út dy stêd om it libben kaam. Dat meldt de plysje. It slachtoffer is oanriden troch in auto.

Motorrider ferstoarn by oanriding op yndustryterrein Ljouwert

Der sieten twa minsken yn de auto. De bestjoerster, in 22-jierrige ynwenster fan de gemeente Achtkarspelen, is nei it sikehûs ta brocht. It is net dúdlik hoe't se der oan ta is. De 28-jierrige man út de gemeente Noardeast-Fryslân dy't ek de auto siet, hie gjin ferwûnings.

De oanriding wie op de krusing fan de Planeteleane mei de Apollowei. It is noch net dúdlik wat der krekt plakfûn hat. Oer de oarsaak fan it ûngelok is ek noch neat bekend. Dêr docht de plysje ûndersyk nei.

Trefwurden: 
Ljouwert oanriding
(Advertinsje)
(Advertinsje)