Lockdown soarget foar drokte yn de natoer: "Kom niet naar Oranjewoud!"

Steatsboskbehear ferwachtet dit wykein ekstra drokte yn natuergebieten dêr't gewoanwei ek al in soad minsken komme, lykas de bosken fan Oranjewâld. Sa goed as alle attraksjes binne ticht en it waar liket net ferkeard. Dus sykje Friezen de natuer op.
Drokte yn de natuer troch 'lock down' en moaie waar
"Wy binne reedriders. As Thialf iepen wie, wiene wy dêr hinne gien. Mar goed, dat kin dus net. As alternatyf hawwe wy dit opsocht. Wy komme út Snits en woene lekker even nei Oranjewâld de boskeboel yn", seit Joop van der Meer op in fol parkearplak.
Boskwachter Manon van Wesel seach de drokte wol oankommen. "Het verrast me niet. Oranjewoud is altijd wel druk in de weekenden en met de corona is het nog drukker. Se ropt minsken op om fierder te sjen as Oranjewâld. Sels koe se de auto al near mear kwyt, omdat der safolle besikers wiene. "Kom niet allemaal naar Oranjewoud!"
Drokte op in parkearplak yn Oranjewâld © Omrop Fryslân
Janke Ybema kuieret geregeld mei har hûn yn de bosken. Se sjocht no oare minsken as oars. "Mear minsken sûnder hûn. Op de tiden dat wy hjir rinne, binne hjir altyd minsken mei in hûn, en it binne meastentiids ek deselde minsken dy't je tsjinkomme. Mar de lêste tiid tref ik hieltyd mear minsken sûnder hûn."