Delgong tal coronabesmettings set troch: sneon 77 nije gefallen

07 nov 2020 - 14:26

Der binne de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân 77 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne tsien minder as freed. Doe wiene it 87 en tongersdei 90. Lanlik binne der sneon 6689 nije besmettingen fêststeld. Dat binne hûnderten minder as in dei earder, doe't der 7272 nije coronabesmettingen wiene.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir)

Súdwest-Fryslân hie fyftjin nije besmettingen en Ljouwert en Noardeast-Fryslân tsien.

Der binne sneon gjin nije stjergefallen konstatearre, en ek gjin minsken opnaam yn it sikehûs. Dat blykt út de sifers fan it RIVM.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir)

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)