Yllegale fûken by Westhoek
De plysje is op syk nei de eigner fan twa fûken dy't yllegaal pleatst wiene yn in sleat by de seedyk by Westhoek. De plysje kaam de fûken op it spoar nei in tip. Se binne út it wetter helle en oerdroegen oan it projekt Vissers voor Vissers. De iel dy't der yn siet is frijlitten.