Wyn priuwe en keure by onlinepriuwerij yn Aldskoat

Sa'n tweintich minsken dienen freedtejûn mei oan in online wynpriuwerij. Finolooch Jacqueline Wassenaar keurde mei de dielnimmers en beskreau de ferskillende winen.
Online wyn priuwe en keure
Undernimmers besykje hieltyd faker om online har bedriuw te fieren as dat mooglik is. Byienkomsten wurde mei programma's as Zoom en Teams op de telefoan of laptop hâlden.
Wassenaar begûn in jier lyn mei har bedriuw Into the Wine. Se joech wynkursussen yn in hûs yn Aldskoat, mar de coronamaatregels makken dêr in ein oan en dus giet se digitaal.
Dielnimmers koenen in kursuspakket bestelle mei seis lytse fleskes wyn. Online waarden dy dan mei-inoar keurd. Wassenaar joech dêrby beskriuwingen en ynformaasje oer smaak, aroma en wêr't de wyn by past. Se wol it no alle moannen dwaan, omdat se tefreden is oer har earste digitale wynkursus.
"Een eerste keer is is altijd even aftasten, maar ik vond dat het heel leuk gaan.. De mensen waren enthousiast en er was een goede interactie." Neffens har kinne der sa wol hûndert kursisten tagelyk meidwaan.
© Omrop Fryslân