Hoe komt it mei sâltere lânbougrûn? Regiomakeler moat boeren helpe

07 nov 2020 - 11:49

De Fryske lânbougrûn wurdt hieltyd sâlter. Kinne we hjir yn de takomst ús sterke produkten as poatguod en grienten noch wol bouwe? Of moat no al ynset wurde op sâltere lânbou? In soad boeren sitte mei dy fragen om't se sjogge dat de opbringsten ôfnimme. Sûnt koart wurket Peter Prins as 'regiomakeler swiet-sâlt' yn Noard-Nederlân. Hy advisearret boeren op dat mêd.

Sâlte lânbougrûn by Seisbierrum - Foto: eigen foto Wiebe Goodijk

De regiomakeler swiet-sâlt is in inisjatyf fan de provinsjes Fryslân en Grinslân en fan Wetterskip Fryslân en it wetterskip Noorderzijlvest yn Grinslân. Boere-organisaasje LTO Noard siket fyftich boeren dy't meidwaan wolle oan it ûndersyk. Om de situaasje yn kaart te bringen komme ûnder oare peilstokken yn de grûn.

Boer Wiebe Goodijk fan Seisbierrum hat op syn grûn al bot mei fersâlting te krijen. Op parten is al grûnwetter oantroffen dat foar 70% it sâltgehalte fan seewetter hat.

De hiele kuststreek sil dêrom ynspylje moatte op dit gegeven, mar dan lizze der ek kânsen, tinkt Prins. "Het gaat er echter met name om dat boeren nu niet de verkeerde maatregelen nemen, bijvoorbeeld met het drainageplan. Want dat zou het probleem alleen maar groter maken. Als kennismakelaar moet ik er allereerst voor zorgen dat de juiste informatie op de juiste plaats komt."

Peter Prins - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Snein is yn Buro de Vries in langer petear mei Prins en Goodijk te hearren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)