Falsk jild op Skylge

17 jul 2012 - 10:12

De plysje hat op Skylge in jonge fan 17 út Wijdewormer oppakt, omdat er op in camping besocht mei falsk jild te beteljen. It gie om in biljet fan 50 euro. Doe't de plysje him kontrolearre die bliken dat er noch fiif sokke biljetten by him hie.

De jonge is foar fierder ûndersyk meinaam nei it buro op it eilân.

Trefwurden: 
falsk jild
(advertinsje)