Omrop TIP: De Fryslân DOK 'Mei it helmhout tusken ús yn'

07 nov 2020 - 11:30

'Mei it helmhout tusken ús yn' is in rigel út it ferneamde ferske 'Skûtsjesilen is myn nocht'. Eartiids, doe't it skûtsje noch in frachtskip wie, stiene man en frou beide oan it roer. Wêrom ken it SKS skûtsjesilen dan noch hieltyd gjin froulike skippers? Dat is de fraach yn dizze Fryslân DOK.

Yn de ferhalen oer skûtsjes en skûtsjesilen hat de rol fan de frou altyd ûnderbeljochte west. Dokumintêremakker Karen Bies woe yn de Fryslân DOK 'Mei it helmhout tusken ús yn' no ris de frou nei de foargrûn helje. It ferhaal begjint mei har beppe, de no 101-jierrige Henderika Bies-van Dijk. De Grinslânske Henderika troude yn 1939 mei de Fries Johannes Bies. Tegearre wiene sy skûtsjeskipper. Se ferfierden terpgrûn, turf, sân en sûkerbiten. Wat der mar oan fracht wie.

Henderika Bies-van Dijk (101 jier) - Foto: Omrop Fryslân

Der wiene yn de earste helte fan de 20e iuw yn Noard-Nederlân noch hûnderten skûtsjeskippers. Man en frou diene it wurk oan board tegearre. It laden en lossen, it silen ûnderweis. Soms moasten se it skip lûke. Man en frou diene dat om bar en ek de bern holpen mei. It skippersechtpear die it wurk tegearre, ek it stjoeren fan it skip.

Bern lûke it skûtsje mei fracht - Foto: Fries Film Archief

Yn de Fryslân DOK wurde bylden toand fan âlde films, dêr't it libben eartiids op it skûtsje dúdlik wurdt. Yn de film 'Oud en Arm' út begjin jierren '20 kinst sjen hoe't in laden skûtsje lutsen wurdt, as der gjin mooglikheid wie om te silen. Fierders is der in moaie film út 1946, dêr't Ulbe en Akke Zwaga ûnderweis binne fan Hylpen nei Grou om in wedstriid te silen. Yn dizze film sjochst hoe't Akke faak oan it roer stie.

Akke en Ulbe Zwaga, yn in film fan de NTR út 1946 - Foto: Fries Film Archief

It skûtsjesilen simmerdeis, dat al sûnt de 19e iuw dien wurdt, wie in saak fan de manlju. Se koene dêr jildprizen mei winne, en dat kaam goed út yn de stille tiid, as der net folle fracht wie. It húsried, frou en bern kamen op 'e wâl, en de man sylde de wedstriid. De frou soarge foar bêd en brochje, foar it feest nei winst en foar de treast nei ferlies. Net alle skûtsjeskippers fan eartiids woene wedstriidsile, want averij koene se net brûke. It skip wie ommers har breawinning.

Skipper Tjitte Brouwer, begjin jierren '70 - Foto: Fries Film Archief
(Advertinsje)
(Advertinsje)