Dronken bestjoerder rydt auto de sleat yn by Ljouwert
In 25-jierrige man is sneontemoarn betiid mei de auto yn it wetter rekke oan de Johannes Brandsmawei by Ljouwert. De man rekke net ferwûne by it ûngelok.
Nei kontrôle die bliken dat de man tefolle dronken hie. Syn rydbewiis is ynnommen troch de plysje. En hy hat in proses-ferbaal krige.