Auto moat by Wolvegea útwike foar ree, skampt beam en bedarret yn greppel

07 nov 2020 - 09:58

Tusken Wolvegea en De Blesse hat freedtejûn in auto in ûngelok hân doe't de bestjoerder útwike moast foar in ree. Hy rekke mei de auto op de Steenwijkerweg fan de dyk, skampte in beam en bedarre achter it stek yn in greppel. De bestjoerder rekke net ferwûne by it ûngelok.

Foto: De Vries Media

De auto hat grutte skea oprûn. Yn ferbân mei de berging hat de dyk diels ôfsluten west foar it ferkear.

Trefwurden: 
ûngelok Wolvegea ree
(Advertinsje)
(Advertinsje)