Kollum: "Bankoerfal"

07 nov 2020 - 08:25

"It like wol as waard de wrâld de lêste dagen mar troch twa saken behearske. De pandemy en de ferkiezings yn Amearika. Hjir yn Fryslân wie ek nijs. Der waard in begjin makke mei de plannen om de feangreide te rêden.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

It Wetterskip en de Provinsje stienen skouder oan skouder op in boekwurkje en omdat it ferkiezingstiid is, besykje de lanlike partijen der ek oandacht oan te jaan. De útkomst fan ien en oar sil, krekt as mei de stikstofboel, wol wer earne yn it midden útkomme.

Dat treft, want yn it midden fan de moaiste provinsje fan Nederlân leit ek de measte feangreide. Hooplik sitte der aanst by dit projekt gruttere rekkenwûnders achter it oargel as by de Ofslútdyk, want it oarspronklik begrutte bedrach foar de renovaasje fan dy dyk giet aanst sawat in kear oer de kop. Je soenen der hast in komplot achter tinke, mar sa moatte wy net.

Wie der dan net oar nijs? Je moasten der even om sykje, mar ja, der wie wol wat. Ik mei graach oer de films dêr't Brad Pitt en George Clooney tegearre as oanfierders fan in stel oerfallers yn spylje. It giet nergens oer, mar jo kinne der lekker in wyntsje en in skaaltsje pinda's by fuortwurkje. Clooney, dy't yn dy film Danny Ocean hjit en Julia Roberts as sjarmante partner hat, wol mei heechweardige technyk in kasino yn Las Vegas oerfalle. De reden: It jild en it feit dat de kasinobaas it mei syn frou oanlein hat, wylst hy yn de bak siet. Prachtich plot foar in pear oerkes fermaak. En alles slagget, fansels.

Dizze wike wie der in soartgelyk ferhaal yn it nijs. Allinnich, dit ferhaal is echt bard. In stel bankoerfallers betochten in plan hoe't se yn Milaan in bank berôvje koenen. En ik moat earlik sizze, ditsoarte ferhalen binne yn in tiid dêr't oars net folle te belibjen is, lekkere ôflieding.

Dizze boeven dienen harren foar as rioelrotten. Twa man stienen by de doar, de rest kaam de bank yn troch it strontkanaal. Se twongen de direkteur om de klûs iepen te dwaan en stielen in net bekende som oan jild en oar guod. Dêrnei binne se mei syn allen troch it rioel fuortkrûpt. Nimmen rekke ferwûne, nimmen waard deasketten.

It die my tinken oan The Great Train Robbery yn Ingelân. Op 8 augustus 1963 oerfoel in goed organisearre binde in trein en stiel 2.6 miljoen Ingelske pûnen. Op ynternet kinne jo hast fan minút oant minút neilêze hoe't se dat dien hawwe. Se brûke eins gjin geweld, allinnich de masinist krijt in klap tsjin de holle en rekket ferwûne.

De mannen wurde oppakt en feroardiele ta lange straffen. Twa fan de boeven helje letter nochris it nijs. Charles Wilson ûntsnapt út de finzenis, mar wurdt fjouwer jier letter wer oppakt. Ronny Biggs wit ek út de finzenis te ûntsnappen en is dêrnei 36 jier spoarleas. Hy jout himsels yn 2001 oan en sit dan gau wer achter de tichte doar.

De kreak fan dizze wike yn Milaan past perfekt yn it rychje films fan Clooney en Pitt. It klassike misdiesenario, yn 2020 nochris opfierd yn Italië. Se hoege it stik net iens mear te betinken, inkeld neispylje betsjut in garandearre blockbuster."

(Advertinsje)
(Advertinsje)