Frijwilligers serieus naam by ynset rampen Waadsee

07 nov 2020 - 09:32

Rykswettersteat en partijen dy't grutte groepen frijwilligers fertsjintwurdigje, binne yn petear om tenei de gefolgen fan in ramp lykas mei de MSC Zoe better opfange te kinnen. Frijwilligers wiene wichtich by it rap opromjen fan de oanspielde lading fan it kontenerskip. Ferline wike hat der foar it earst in digitaal ferkennend petear west tusken Rykswettersteat en ûnder oare Waadrinners, natuerbehearders en it Reade Krús.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Fotograaf en Waadringids Henk Postma wie derby begin 2019 doe't de ynhâld fan 342 konteners foar in part oanspielde en waaide: "Dat wiene hektyske dagen. Ik wie de dei sels hjir yn it Waadgebiet en ik seach de rommel op de seedyk en de kwelders lizzen. Dan giet der wol wat troch dy hinne. Dat is in byld dat je gewoan net sjen wolle. Do akseptearrest it ek net. Ast sjochst wat der allegearre leit, dan tinkst: hoe krije wy dat hjirwei. Mar wy seagen ek dat hûnderten frijwilligers, boargers en toeristen al dwaande wienen om it manmachtich op te rêden. Want it wie krystfakânsje"

'Profesjonele frijwilligers'

Postma fertsjintwurdiget fyftich Waadringidsen. Tegearre mei in fertsjintwurdiger fan de fyftich Waadringidsen fan Waadrinsintrum Pieterburen die er mei oan de online gearkomste mei fertsjintwurdigers fan Rykswettersteat.

Rykswettersteat praat mei wat sy 'profesjonele frijwilligers' neame. Dat binne minsken dy't beropshalve of op in oare wize goed thús binne op it Waad. Dat jildt net foar eltse frijwilliger. In aksje fan ferline jier om de MSC Zoe-troep fan sânplaat It Rif te heljen waard bygelyks al nei in heal oere ôfbrutsen, omdat minsken net goed taret wiene op it kâlde waar en se foar in part troch it wetter moasten.

Henk Postma, fotograaf en Waadgids - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Ek al hawwe dy 'gewoane' frijwilligers in hiel grut ferskil makke mei harren opromwurk, der is ek ferlet fan in oar slach minsken. "Minsken dy't bygelyks terreinkennis hawwe, dy't bekend binne mei it Waadgebiet, dy't kennis fan de natuer hawwe en ek de útrissing hawwe", sa seit Postma.

Nei it avontoer op It Rif frege de KNRM om datsoarte minsken en Postma moast fuortendaliks tinke oan syn kollega-Waadringidsen. "Dy hawwe topgrafryske kennis, de goede klean, witte wat sy op it Waad ferwachtsje kinne en wêr't je komme kinne en wêr net."

"Bliid"

Dat der no serieuze petearen op gong komme oer de ynset fan yn dit gefal profesjonele frijwilligers is goed nijs, fynt Postma:

"Dêr binne wy hiel bliid mei. Dat is in teken dat der harke wurdt. Je binne der net mei dy as groep oan te bieden." Der moat it ien en oar regele wurde en wat dat oanbelanget binne der al in tal saken foarbykaam, neffens Postma.

"Minsken moatte bygelyks oplaat wurde. Der moat in trainingsprogramma komme, mar net foar allegearre, want wy hawwe no in 2.000 frijwilligers. Dat soe te gek wêzen om al dy minsken te trainen. Dêrom sizze wy: helje dêr in selekte groep op dy't je traine. Neffens it prinsipe trainer&trainer giet dat fierder nei de rest fan de groep. Sa wolle wy dat útrôlje oer al dy frijwilligers dy't ynsetber binne." Der sil ek in soarte fan organisaasje opset wurde moatte.

Petearen oer ynset saakkundige Waadfrijwilligers by rampen sette útein

Yn Henk Postma syn filosofy wurdt it Waad der allinnich mar better fan as offisjele ynstânsjes de minsken dy't yn it Waadgebiet wenje en wurkje ek ynskeakelje by it beskermjen fan dat Waad. It idee om mear te dwaan mei frijwilligers by bygelyks in oaljeramp op it Waad is ek net nij. Der binne foarbylden yn it bûtenlân dêr't de ynset fan frijwilligers al foardat der in ramp is, regele is sadat it tsjil net - wylst der in needsituaasje is - opnij útfûn wurde moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)