Coronanijs sneon 7 novimber: Drokte yn binnenstêd Ljouwert, hanthaveners diele boetes út

07 nov 2020 - 22:24
  • Foar de fjirde dei op rige binne der hjoed yn Fryslân minder as 100 besmettingen fêststeld mei it coronafirus, it wiene der 77;
  • It moaie waar soarge foar drokte yn de binnestêd fan Ljouwert, hanthaveners ha dêr meardere boetes útdield;
  • Arriva tinkt nei oer it skrassen fan treinen, no't dúdlik wurden is dat de NS dat ek docht om de tsjinstregeling yn stân te hâlden;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
22:15
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan sneon 7 novimber. Dit wie it wichtichste nijs fan hjoed:

  • Foar de fjirde dei op rige binne der hjoed yn Fryslân minder as 100 besmettingen fêststeld mei it coronafirus, it wiene der 77;
  • It moaie waar soarge foar drokte yn de binnestêd fan Ljouwert, hanthaveners ha dêr meardere boetes útdield;
  • Arriva tinkt nei oer it skrassen fan treinen, no't dúdlik wurden is dat de NS dat ek docht om de tsjinstregeling yn stân te hâlden as tefolle meiwurkers siik wurde soene;
  • Firologen sizze dat hieltyd mear minsken in twadde kear siik wurde, neidat se al in kear besmet west ha mei it firus;
  • No't it Ljouwerter poppoadium Neushoorn ticht is foar publyk, komme der online liveshows dy't letter ek as podcast te beharkjen binne;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Moarn binne wy der wer mei in nij liveblog. En om tsien oere stjoere we wer in tsjerketsjinst út. Dat tocht Omrop Fryslân yn alle gefallen oant de ein fan it jier, op sneintemoarn om tsien oere op telefyzje en online. Om tolve oere wurdt de tsjinst werhelle.

De tjinst fan moarn komt live út de Martinitsjerke fan Frjentsjer wei, en stiet ûnder lieding fan ds. Margarithe Veen. De liturgy is hjir te finen.

22:01
Sikehûs Snits "alle boumarkten yn de regio" by del om pleksiglês

De coronakrisis hat net allinne grutte gefolgen foar de soarchferlieners yn de sikehûzen, mar achter de skermen wurdt ek al moannenlang keihurd wurke troch de minsken fan de logistyk. Dat meldt it Antonius Sikehûs yn Snits. Meiwurkers sizze dat se it noch noait sa drok hân ha.

It Antonius Sikehûs yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Doe't de earste coronaweach him oantsjinne, wie it fuortendaliks 'alle hens oan dek', seit crisiskoördinator Xander Winsser fan it sikehûs yn Snits. "COVID-19 was een nieuw en onbekend virus waarop we meteen moesten anticiperen."

Ien fan de saken dy't se oanpakke moasten, wie it oanpassen fan de polikliniken. "We hebben de bankjes in wachtkamers vervangen door stoeltjes en de balies voorzien van hoestschermen." It wie noch net maklik om genôch pleksiglês te finen. "Onze servicegroep heeft alle bouwmarkten in de regio afgestruind", gniffelet Xander. "Met succes ".

15:45
Steatsboskbehear ferwachtet ekstra drokte yn de bosken: "Kom niet allemaal naar Oranjewoud"

Steatsboskbehear ferwachtet dit wykein ekstra drokte yn natuergebieten dêr't gewoanwei ek al in soad minsken komme, lykas de bosken fan Oranjewâld. Sa goed as alle attraksjes binne ticht en it waar liket net ferkeard. Dus sykje Friezen de natuer op.

"Kom niet allemaal naar Oranjewoud", seit boskwachter Manon van Wezel. Se koe sels de auto al near mear kwyt, omdat der safolle besikers wiene.

15:32
Drokte yn binnenstêd Ljouwert, hanthaveners diele boetes út

Yn de Ljouwerter binnenstêd binne meardere boetes útdield oan minsken dy't har net oan de regels holden. It gong ûnder oare om minsken dy't op de fyts wiene, wylst in part fan de binnenstêd no op sneon in fuotgongersgebiet is. Sa wol de gemeente foarkomme dat it te drok wurdt. Minsken moatte altyd minimaal oardel meter ôfstân hâlde kinne.

It wie hjoed drok yn de binnenstêd.

Goed twa wiken lyn rôp boargemaster Buma fan Ljouwert minsken noch op om de drokte sa folle as mooglik te mijen. Hy sei dat it ferstanniger wie om op sneontemoarn betiid nei de stêd te gean, om sa de drokte oer de dei te sprieden.

15:14
Arriva tinkt nei oer minder treinen

Ferfiersbedriuw Arriva tinkt nei oer it skrassen fan treinen no't der fanwege de coronakrisis minder passazjiers binne. Dat seit in wurdfierder fan Arriva nei oanlieding fan in fraach oer it oanpassen fan de tsjinstregeling fan de NS.

"Alle regionale vervoersbedrijven zijn nu bezig met het bespreken van de nieuwe dienstregeling 2021, met hun respectievelijke opdrachtgevers. Arriva houdt hierbij de reizigersaantallen goed in de gaten en zal in samenspraak met de opdrachtgevers in de regio aanpassingen doen als dat nodig is. Op dit moment zijn deze gesprekken overal nog gaande."

14:26
Wer minder besmettingen yn Fryslân

De ôfrûne 24 oeren binne yn Fryslân 77 nije coronabesmettingen fêststeld. Dat binne tsien minder as freed. Doe wiene it 87 en tongersdei 90.

Lanlik binne der snein 6689 nije besmettingen fêststeld. Dat binne hûnderten minder as in dei earder, doe't der 7272 nije coronabesmettingen wiene.

Súdwest-Fryslân hie mei fyftjin nije besmettingen en Ljouwert en Noardeast-Fryslân elk tsien.

13:13
Online wyn priuwe

Undernimmers moatte wat betinke yn dizze coronatiid. Sa kaam Jaqueline Wassenaar op it idee in online wynpriuwerij te hâlden. It wie har earste en sa'n tweintich minsken sieten mei de wynglêzen foar de webcam.

Foto: Omrop Fryslân
10:46
Coronabesmettings yn Dútslân rinne fierder op

Foar de tredde dei op rige binne der wer mear coronabesmettings fêststeld yn Dútslân. Sneontemoarn stie de teller op 23.399 nije gefallen. Freed wiene it noch 21.506 en tongersdei 19.990.

8:36
Poppoadium Ljouwert komt mei online live-shows

Poppoadium Neushoorn yn Ljouwert bringt fan oare wike freed ôf alle wiken in liveshow fan in oere dy't online te sjen is. Mei de corona is it poadium ticht foar publyk. Op dizze wize besykje se dochs noch it publyk te berikken.

Yn de liveshow stiet ien Fryske band of artyst sintraal. Fieders binne der gasten oan tafel. Learlingen fan de oplieding D'Drive nimme it op. Sa kinne se wurkûnderfining opdwaan yn dizze tiden fan krapte op de staazjemerk. De opnames binne fan 20.00 oant 21.00 oere live te sjen op Youtube en op it Facebookkanaal fan Neushoorn. Nei ôfrin is it gehiel as podcast te beharkjen.

Neushoorn yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma
7:38
Hieltyd mear werbesmettingen troch corona

Hieltyd mear minsken wurde opnij siik troch it covid-19-firus. It bart faker as earder tocht, meldt de NOS op basis fan petearen mei firologen. Soms ferrint de twadde besmetting mylder, yn oare gefallen krekt wer slimmer.

Om der wis fan te wêzen dat it om in twadde besmetting giet, moat der in genetysk profyl wêze fan de twadde besmetting. Dat wurdt dan ferlike mei it profyl fan de earste besmetting. En dêr sit no krekt it probleem, want fan't maitiid binne der net faak profylûndersiken dien. Fierders binne de ôfnames út de kiel of noas fan doe ek lang net altyd bewarre bleaun. Dochs binne der tsientallen bewiisde nije ynfeksjes.

7:14
Kabinet yn petear mei grutte winkelketens

It kabinet hat mei fertsjinwurdigers fan grutte winkelketens ôfpraat dat dy it tafersjoch yn de winkelstrjitten organisearje sille. Der is ek praat oer hanthavening. Dêr is noch gjin beslút oer naam.

Earder binne der al ôfspraken makke oer ûnder oare in maksimumoantal klanten yn de winkel. Neffens de Ryksoerheid binne der grutte ferskillen yn de manier wêrop't winkels dy ôfspraken neikomme.

7:14
Goeiemoarn

Dit is it liveblog fan sneon 7 novimber mei it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân. It nijs fan freed kinst hjir neilêze.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)