Fryske VVD-lobby sûnder sukses by eigen partij: ferkiezingsprogramma sûnder Lelylijn

06 nov 2020 - 22:32

De Lelylijn komt net foar yn it VVD-ferkiezingsprogramma foar de Twadde Keamerferkiezings. Dat is in tebeksetter foar Fryske VVD'ers, dy't wakker aktyf binne om de Lelylijn foar mekoar te krijen. Yn it hiele programma komme de wurden Fryslân en Noard-Nederlân net foar.

De trein nei it suden op jûntiid, op stasjon It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

VVD-steatelid Durk Pool hat de ôfrûne tiid drok dwaande west mei de lobby foar de line. Hy wol mei in moasje it partijkongres safier krije dat se de Lelylijn asnoch taheakje oan it ferkiezingsprogramma. "Der binne wol mear regio's dy't de line der yn ha wolle. Dit jout ús de kâns der in ekstra sterk punt fan te meitsjen."

Pool giet derfan út dat hy de hannen opinoar kriget foar in strofe oer de Lelylijn. Hy wol dêr stipe foar freegje fan VVD'ers út Grinslân en Drinte: "It is wichtich dat de ferskowing fan frachtferfier nei wetter en spoar troch ús fasilitearre wurdt." Foar it jild sjocht er nei it Nationaal Groeifonds fan de ministers Wiebes en Hoekstra: "We steane op de longlist en wurde dus meinaam."

Hy tinkt net dat er in soad oertsjûgingskrêft nedich ha sil foar syn partijgenoaten: "Sjoch, we wolle minder fleane op koartere bestimmingen. Boppedat sitte de treinen fol. Dit is in oplossing foar in rappere ferbining nei it Noarden. Mar it kin ek de oplossing en in kâns wêze foar it wenningprobleem yn de Rânestêd."

Dat de Lelylijn der komt is dan foar him ek gjin fraach: "Nee, dêr bin ik fan oertsjûge."

(Advertinsje)
(Advertinsje)