Noppert en Van Gerwen winne earste wedstriid foar Nederlân op World Cup

06 nov 2020 - 22:07

Danny Noppert hat freedtejûn tegearre mei Michael van Gerwen de twadde ronde fan de World Cup of Darts berikt. Yn harren earste wedstriid fersloegen de Nederlanners it Brasiliaanske team fan Diogo Portela en Bruno Rangel mei 5-1.

Foto: Orange Pictures

Noppert en Van Gerwen begûnen sterk oan de wedstriid. Fia dûbel achttjin en dûbel tsien smiet de Jouster darter twa kear út: 2-0. Brasilië pakte ien leg werom, mar dêrnei toande Van Gerwen syn klasse mei in finish fan 134. Op 4-1 krige Noppert twa pylken foar de winst, dêr't hy de earste fan fersulvere.

Sneon spilet it Nederlânske team tsjin Spanje.

De World Cup of Darts wurdt dit jier yn Salzburg hâlden, yn Eastenryk. Der dogge 32 lannen mei, dy't elk twa spilers leverje. Sy spylje inkeld- en dûbeldpartijen. De regearjend kampioen fan de World Cup is Skotlân, dat ferline jier mei Gary Anderson en Peter Wright de titel pakte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)