Omrop TIP: Dochs fuotbal op sneon, mei de Omrop Fryslân Penaltybokaal

06 nov 2020 - 20:43

In sneon sûnder fuotbalwedstriden op it wiete fjild fielt noch hieltyd frjemd. Gjin support fan de supporters dy't gewoanwei lâns de line stean, gjin geouwehoer om de bal of de diskusjes mei de skiedsrjochter oft it no wol of net in oertrêding wie. En net te ferjitten, gjin tredde helte. Mar der is ien striid dy't wol losbarste sil, de striid om de Penaltybokaal fan Omrop Fryslân!

Foto: Omrop Fryslân

Fan sneon 7 novimber ôf stride de 'ploegen' fan de 5e B klasse om de fûlbegearde penaltybokaal. It prinsipe is simpel, tsien kânsen op 20 meter mei in lyts goaltsje. Fansels kin net it hiele team yn aksje komme, dus sil de topskoarder of de meast technyske spiler fan it team harren ploech fertsjinwurdigje.

Finale op 19 desimber

De bêste teams geane troch nei de finale en sa witte wy op 19 desimber hokker ploech romte meitsje mei foar de Omrop Fryslân penaltybokaal 2020.

Teams dy't meidogge binne: VV Tzummarum, Wardy, SSS 68, CVO, Blija, FVC, Holwerd, WWS, Aldesyl, VCR, Marrum, Frisia 1883, Beetgum en Lions 66.

Folgje de striid fan sneon 7 novimber ôf alle wiken yn Sneon yn Fryslân en sjoch de fragminten werom op omropfryslan.nl/penaltybokaal

(Advertinsje)
(Advertinsje)