Fryslân profitearret fan hûnderten miljoenen dy't Den Haag útjout oan wenjen

06 nov 2020 - 20:24

Noardeast-Fryslân en Ljouwert profitearje fan it wenakkoart dat it kabinet sletten hat mei de opposysjepartijen PvdA en GrienLinks. Der is ôfpraat dat der 450 miljoen euro stutsen wurdt yn it ferbetterjen fan de feiligens en benammen de leefberens yn kwetsbere gebieten. It giet dan yn Ljouwert bygelyks om in wyk as Heechterp-Schieringen en yn Noardeast-Fryslân om de gebieten dêr't se bot lêst hawwe fan de krimp.

Fryslân profitearret fan hûnderten miljoenen dy't Den Haach útjout oan wenjen

De ynvestearring moat it wenbelied ferbetterje. Sa mei de hier net mear omheech as de ynflaasje plus ien persint. Sa moat it foar gruttere húshâldens makliker wurde in sosjale hierwente te krijen.

Betelber hâlde

De opposysjepartijen PvdA en GrienLinks fûnen dat it kabinet te min die oan de wenkrisis. De ôfrûne moanne ha de partijen mei ministers Kasja Ollongren fan Ynlânske Saken en Wopke Hoekstra fan Finânsjen ûnderhannele oer ferbetterings. De partijen ha der benammen op oantrune de hûzen betelber te hâlden.

Se ha der op wiisd dat de hieren troch de jierlikse ferheging hast net mear te beteljen binne. It slagget in soad minsken mei in middenynkommen ek net in hûs te keapjen om't troch it tekoart oan wenten de prizen noch hieltyd omheech geane.

Wethâlder Hein de Haan fan Ljouwert is bliid mei it akkoart: "We hebben veel plannen dus dat er nu een akkoord is, is mooi. Nu moeten we afwachten hoe de verdeling gaat zijn."

De gemeente Ljouwert makket plannen foar de wyk Heechterp, mei wenningboukorporaasje Elkien. "Eigenlijk voor de hele oostkant van de stad", seit De Haan. Ynkoarten kinne gemeenten ynskriuwe op de jilden. Kommend foarjier moat it earste part fan it jild beskikber komme.

Wethâlder Hein de Haan, gemeente Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)