Provinsjebestjoer: "Us eigen plan bringt boaiemdelgong eins net fier genôch werom"

It provinsjebestjoer hie de boaiemdelgong leaver fierder werom bringe wollen, as yn de eigen plannen omskreaun stiet. Dat seit deputearre Douwe Hoogland. Yn it feangreideplan dat er dizze wike presintearre, is sprake fan in boaiemdelgong fan 0,8 sintimeter. Sûnder maatregels soe it ien sintimeter wêze. "Wy woene ambisjeuzer, mar dat past net yn de faze dêr't we no yn sitte."
Sjoch hjir nei It Polytburo.
Dizze wike presintearre Hoogland syn plannen foar it lege midden fan ús provinsje. Sa moat it wetterpeil yn it feangreidegebiede in heale meter omheech, en sil der biologysker buorke wurde moatte. Dêrmei wol er de útstjit fan CO2 en de fersakking fan de boaiem tsjingean.
Krityk is der fan natuerorganisaasjes, dy't fine dat de plannen net fier genôch geane, en fan boeren, dy't krekt fine dat it allegearre te fier giet.
De finansiering is ek in probleem. De plannen kostje al mei al 550 miljoen, mar der is noch mar krapoan 67 miljoen beskikber.