Earste lichting nije oplieding Noorderbreedte en Patyna slagge

06 nov 2020 - 17:58

De earste groep dielnimmers fan in spesjale oplieding yn de soarch binne slagge foar dat trajekt. De soarchorganisaasjes foar âlderen Noorderbreedte en Patyna ha de oplieding twa jier lyn opset yn Noardwest-Fryslân. Dielnimmers diene fjouwer dagen yn de wike praktykûnderfining op, ien dei yn de wike krigen se les. Se hawwe twa diploma's krigen, ien it mêd fan wolwêzen en ien op it mêd fan soarch.

WMO-soarch - Foto: Shutterstock.com (Lighthunter)

De dielnimmers, wêrfan de measten fanút in oar wurkfjild as de soarch, hawwe de twajierrige mbo-oplieding 'Maatschappelijke verzorgende IG' folge. Fjouwer dagen yn 'e wike hawwe se praktykûnderfining opdien op ferskate lokaasjes fan Noorderbreedte en Patyna, ien dei yn 'e wike krigen se les fan dosinten fan ROC Friese Poort.

Yn de oplieding is in protte oandacht foar sawol it wolwêzen as de soarch, en de dielnimmers hawwe foar elk mêd in diploma krigen: in diploma fersoargjende IG en in diploma meiwurker maatskiplike soarch.

Ferfolch

Mei de oplieding wurdt der net allinnich goeie medyske soarch ferliend, mar is der ek in protte tiid en omtinken foar it wolwêzen fan kliïnten. It opliedingstrajekt hat al in ferfolch krigen, dêr't ek Thuiszorg Het Friese Land him by oanslút.

(Advertinsje)
(Advertinsje)