Feiling Noppert: heal miljoen

De online feiling fan de ynboel fan it fallite boubedriuw Noppert hat yn totaal sa'n heal miljoen euro opsmiten. De ynboel waard ferkocht om't it Feanster bedriuw in grutte skuld hat. De opbringst wie neffens ferwachting.
Neffens Troostwijk-Auctions dy't de feilings docht, wiene der sa'n tûzen bieders. Dêrûnder wiene ûnder oare ek in grut tal ynternasjonale keapers. It feilingbedriuw seit dat de keapers faak bedriuwen binne dy't goedkeap útwreidzje wolle.