Soarch docht needgjalp: 'As we net mear personiel krije, krije we echt problemen'

06 nov 2020 - 17:48

De soarch hat grut ferlet fan ekstra personiel. Soarchynstellingen komme dêrom mei-inoar mei in kampanje om minsken te werven. Yn de earste golf fan de coronakrisis wie der ek in kampanje, mar der is noch altyd in grut tekoart oan personiel op alle nivo's. "Op dit moment kunnen we het nog net aan. Maar als we nu niet meer personeel krijgen, dan gaan we echt meer problemen krijgen om de zorg voldoende beschikbaar te houden voor onze burgers in Fryslân", seit Bert Bokma fan Regionaal Overleg Niet Acute zorg (RONAZ).

Ekstra hannen yn de soarch nedich

"Wij verwachten dat we zeker tot en met maart nog te maken hebben met veel druk vanwege de besmettingen. Dat betekent dat we nu ook echt moeten proberen om nog meer mensen te interesseren om in de zorg ons te komen helpen en te komen ondersteunen", seit Bokma.

Der binne de kommende moannen tusken de 200 en 300 nije personielsleden nedich. It giet dan om kwalifisearre personiel, mar ek om minsken dy't noch gjin ûnderfining hawwe yn de soarch.

"We hopen dat mensen dat ook een beetje als een kans gaan zien, om te kijken hoe is het nou om in de zorg te werken. Mensen die niet gekwalificeerd zijn gaan we ook opleiden. Er komt een nationale zorgklas, ook weer gefinancierd en ondersteund vanuit het ministerie van VW", seit Bokma. Nei in oplieding fan in wike kinne minsken al oan de slach as soarchstiper.

Bert Bokma fan RONAZ

By soarchorganisaasje Meriant fernimme se ek dat de wurkdruk op it stuit hiel grut is. "Die is altijd hoog, maar door corona is het nog heel veel meer hoger. Dat heeft met allerlei dingen te maken, onder andere dat door corona de complexiteit van zorg hoger is", seit direkteur Grietje van Buiten.

"We kunnen het nog aan, maar het zit alitijd op het randje", seit Van Buiten. "Voor het coronacentrum waar we hier ook bij staan, daar hebben we zeker personeel voor nodig. We zoeken nog verpleegkundig personeel, verzorgend personeel en artsen."

Direkteur Grietje van Buiten fan Meriant

It nije personiel soe oan it wurk kinne op bygelyks de spesjale corona-ôfdieling op It Hearrenfean, by ferpleechhûs Anna Schotanus. Mar is dat net fierstente heftich foar minsken sûnder ûnderfining? Ferpleechkundige Laura Schriemer wurket dêr, se seit dat dat tafalt.

"Het is niet zo dat je het coronacentrum inloopt en gelijk voor de leeuwen gegooid wordt. We bouwen het langzaam op. Je gaat een keer een dagje meekijken. Je gaat met je collega's mee. We luisteren veel naar elkaar en we hebben veel begrip voor elkaar. Het is niet dat je ineens in zo'n andere wereld terechtkomt", seit Schriemer.

Ferpleechkundige Laura Schriemer

Minsken dy't ynteresse hawwe om yn de soarch te wurkjen kinne harren oanmelde op www.extrahandenvoordezorg.nl.

Trefwurden: 
coronafirus RONAZ
(Advertinsje)
(Advertinsje)