Sikeboech streamt leech by Cambuur: "Je wolle se alle tweintich wol opstelle"

06 nov 2020 - 17:07

Trainer Henk de Jong hat wer wat te kiezen foar de wedstriid fan SC Cambuur tsjin Jong Ajax. Wêr't der oan de begjin fan de wike noch in bult blessueren wiene, liket dat foar it duel fan sneon stikken better. Under oaren oanfierder Erik Schouten, Jarchinio Antonia en Michael Breij sitte wer by de seleksje.

Trainer Henk de Jong

It betsjut dat trainer Henk de Jong foar karren stiet. "It is best wol ris lestich, want je wolle alle tweintich wol opstelle", seit de Drachtster, dy't op twa posysjes noch liket te twiveljen. Oan de bûtenkant fan de oanfal en sintraal efteryn. De Jong: "Erik Schouten hat dizze wike wer meitraind, mar kin net de hiele wedstriid spylje. Dat binne dinkjes, dêr prakkesearrest oer."

Yn de oanfal liket De Jong te kiezen tusken Michael Breij en Jarchinio Antonia. "Antonia hat juster foar it earst wer meitraind. Dy kin ek wer in stik spylje, miskien tritich minuten of in helte. Der moatte safolle mooglik topfitte spilers spylje, dêr sjoch ik nei."

Robin Maulun liket de skorste Mitchel Paulissen te ferfangen. Neist Paulissen kin De Jong ek net beskikke oer Pieter Bos, Stanley Akoy, Delano Ladan en Issa Kallon. Mooglik dat Ragnar Oratmangoen wer oanslute kin by de wedstriidseleksje.

Michael Breij

In spiler dy't net rouwich wie dat de wedstriid tsjin Jong PSV moandei net troch gie, is Michael Breij. Hy hie lêst fan in kniezinkje yn syn knibbel en hie tsjin Jong PSV noch net meidwaan kinnen. "Persoonlijk kwam het niet verkeerd uit", laket Breij, dy't no úteinlik mar ien wedstriid mist hat. Allinne tsjin Roda JC koe er net meidwaan. Dochs hie de oanfallende middenfjilder hope earder spylje te kinnen. "Het duurde wat langer dan verwacht. Het gaat de goede kant op. Er zit nog wel wat irritatie, maar ik kan me ook geen wedstrijd herinneren dat ik geen last heb gehad. Het hoort er ook een beetje bij."

Dochs moat Breij der ek wat om tinke. By in echo die bliken dat der wol wat skea yn syn knibbel sit, wylst de wedstriden inoar wol yn rap tempo opfolgje. Mar dat falt neffens Breij wol mei. "Het is een kneuzing geweest, dus het is niet zo dat er iets stuk kan. Ik zal het morgen waarschijnlijk ook geen negentig minuten volhouden. De trainer is er ook wel voorzichtig mee."

Foto: Orange Pictures

Jong Ajax docht it dit seizoen minder goed as ferline jier; de Amsterdammers steane achtste. Dochs bliuwt De Jong ûnder de yndruk fan dy ploech. "Ik rekkenje my nea ryk hear mei dy jong ploegen. Wy moatte tsjin de besten spylje. It is altyd sa dat se yn it begjin wat minder draaie. Der sitte in hiele hoop talinten yn. As leek seist: prachtich om te sjen. Mar, it is foar ús gewoan ferfelend om tsjin te fuotbaljen."

Datselde gefoel libbet Breij: in talintfolle tsjinstanner, mar dreech om tsjin te fuotbaljen. "Er zitten zoveel talenten in. Het is gewoon mooi om naar te kijken. Wij moeten hen met kracht en energie omver lopen. Het gaat een lastige wedstrijd worden."

De wedstriid tusken SC Cambuur en Jong Ajax begjint sneontemiddei om healweis fiven. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar út it Cambuur Stadion wei yn it radioprogramma 'Sneon yn Fryslân', dat spesjaal om de wedstriid in healoere langer troch giet. Snein is der yn it Cambuur Sjoernaal in wiidweidige gearfetting werom te sjen fan de wedstriid.

(Advertinsje)
(Advertinsje)