Justysje easket 18 jier sel foar moard op Sineeske hierbaas yn Ljouwert

06 nov 2020 - 16:29

It Iepenbier Ministearje easket 18 jier sel tsjin in 26-jierrige Sinees, dy't fertocht wurdt fan de moard op syn 73-jierige hierbaas oan de Gerbrandywei yn Ljouwert. It slachtoffer kaam ek út Sina. Foarich jier soe er yn syn eigen hûs om it libben brocht wêze, nei in rûzje om jild.

Foto: ProNews

It slachtoffer waard in pear dagen nei syn dea fûn troch de plysje, neidat er as fermist opjûn wie. Syn keamer wie mei in hingslot op slot dien en doe't de plysje foar de doar stie, rûkten se al dat der in lichem yn it hûs lizze koe. It slachtoffer waard fûn ûnder in steapel klean mei in jiskepûde om de holle en om de fuotten. De holle wie mei in soad geweld ynslein.

Hûnderten euro's yn kontanten

Ut ûndersyk troch de plysje docht bliken dat de fertochte nei de dea fan de hierbaas folle mear jild hie as derfoar. Hy hie op it momint fan de moard al moannen gjin baan mear en ek gjin oare ynkomsten, mar dochs die er grutte útjeften. Hy ferhûze nei in hotel, reizge yn taksys en bestelde online iten.

Neffens de fertochte komt dat om't er sels jild sparre hie. Sa soe er ûnder oare jild fertsjinne ha mei de oan- en ferkeap fan skuon op Marktplaats. De plysje leaut lykwols net yn dy ferklearring, om't der oant it momint fan de moard net in soad jild stie op de rekken fan de fertochte, mar yn july stiene der tûzenen euro's op. Ek hie de fertochte, doe't er oppakt waard, 700 euro yn cashjild by him.

In hammer en in pikhouwiel

De fertochte wie nei de moard útnaaid, mar de plysje kaam him op it spoar troch syn útjeften yn de gaten te hâlden. Doe't de fertochte online iten bestelde, koe de plysje achterhelje wêr't er siet.

Foar de moard sels tinkt de plysje ek genôch bewiis tsjin de fertochte te hawwen. Sa is syn DNA-materiaal fûn op skjinmakmiddel dat brûkt is om ûnder oare bloedspoaren fuort te poetsen. En op in hammer en in pikhouwiel dy't bûten fûn wiene, waarden ek spoaren fan de fertochte fûn. It is lykwols net fêst te stellen oft dat it moardwapen west hat. Dêrneist sieten syn spoaren ûnder oare op in mof dy't fûn waard yn de wenning fan it slachtoffer, dêr't ek bloed op siet.

Emosjonele skea

De dochter fan it slachtoffer spruts de rjochtbank yn in fideoboadskip ta út Sina wei. Dêryn neamde se de fertochte in 'duvel' dy't oaren stikken makket en dy't in swiere straf fertsjinnet. De famylje wol ek in skeafergoeding ha. Sa wol de widdo 64.000 euro en de dochter 20.000 euro ha foar ûnder oaren de útfeart, ferbliuwskosten en emosjonele skea. Ek wurdt de goed 5.000 euro dy't de fertochte stellen ha soe, werom easke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)