Ferbouwing kreëarret wurkplak foar 1.000 minsken yn âld AEGON-gebou Ljouwert

06 nov 2020 - 16:10

It moat it nije brûzende saaklike hert fan Ljouwert wurde: it âlde AEGON-gebou. Studinten hiene der al plak krigen, mar no wurdt ek de rest fan it gebou folle mei in restaurant, fleks-wurkplakken en kantoarpannen.

Nije plannen foar âld Aegon gebou

It gebou hat in oantal jier leech stien. Frame Offices, it bedriuw dat it gebou no ûnder hannen nimt, ferwachtet dat der nei de ferbouwing sa'n 1.000 minsken oan it wurk kinne. Op it stuit binne de kantoarpannen al klear. Yn maart moatte ek it restaurant en de fleks-wurkplakken klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)