Man (22) krijt wurkstraf foar strjitterôf op stasjon fan Ljouwert

06 nov 2020 - 16:05

It mei geweld rôvjen fan in telefoan smiet in 22-jierrige Ljouwerter freed by de plysjerjochter in wurkstraf fan 40 oeren op, plus 40 oeren ûnder betingst. De dieverij, dy't de Ljouwerter tegearre mei in 20-jierrige stedsgenoat die, barde yn oktober ferline jier op it stasjon fan Ljouwert.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Tegearre wiene de Ljouwerters op de minderjierrige eigener fan de telefoan ôfstapt. Op kamerabylden wie te sjen dat foaral de jongste fertochte aardich wat agresje fertoande, hy joech it slachtoffer in oantal klappen.

Fuortsmiten

Beide fertochten fielden yn de jasbûsen fan it slachtoffer, mar úteinlik wie it de 22-jierrige Ljouwerter dy't de telefoan te pakken krige. Letter soe hy dy oan syn maat jaan, dy't dêrnei it tastel neffens him yn de Oosterkade yn it wetter smiten hat. De id-kaart fan it slachtoffer hie hy holden, dy fûn de plysje werom op syn sliepkeamer.

De rjochter lei in selstraf op fan 17 dagen. Dat is like lang as it foararrest, de 22-jierrige hoecht dus net werom nei de finzenis. De saak fan de meifertochte waard oanholden, syn advokaat wie ferhindere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)