Harnzer (43) krijt wurkstraf fan sechstich oeren foar ynbraak mei bile

06 nov 2020 - 15:52

In man út Harns (43) hat in wurkstraf krigen fan sechstich oeren foar in ynbraak yn syn wenplak en foar in tal stellerijen. De man hie mei in maat besocht yn te brekken by in wenwinkel. De maat hie besocht om mei in bile in gat te meitsjen yn it dak. Omdat dat sa'n leven makke, naaide de man út Harns gau út.

Foto: Omrop Fryslan

Hy koe oanhâlden wurde omdat der sigarettepeuken op it dak fûn binne, mei it DNA fan beide fertochten derop. De Harnzer krige de straf ek fanwegen de stellerij fan in túnset en foar fisk-ark. Neist de wurkstraf wie dat in selstraf ûnder betingst fan in moanne, in skeafergoeding fan 100 euro foar de meubels fan de túnset dy't net weromkaam binne en in skeafergoeding fan 139 euro oan de dierespesjaalsaak, wêr't hy fisk-ark stellen hie.

Syn maat sit al fêst foar wat oars. De saak tsjin dy man waard oanholden, om't hy de daging nea ûntfongen hie.

Trefwurden: 
Harns ynbrekker rjochtbank bile
(Advertinsje)
(Advertinsje)