Gemeente Weststellingwerf en Opera Spangea jouwe alle Friezen in kadoke

06 nov 2020 - 15:28

De gemeente Weststellingwerf en Opera Spangea jouwe alle Friezen in kadoke. Se jouwe elk de gelegenheid om yn de krystfakânsje de operafilm The Other te sjen. De opera koe ôfrûne simmer net opfierd wurde fanwegen de coronamaatregels, dêrom is der in film fan makke. Mar dy kin no ek net fertoand wurde, dus kinne minsken him ynkoarten thús besjen.

Foto: Opera Spanga

De opera is makke yn it ramt fan 75 jier frijheid. Hy giet oer oer ûnferdraachsumens en de wrakseling mei de ynstream fan flechtlingen yn Europa.

Healwei desimber wurdt de link nei de opera ferstjoerd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)