Karen Bies oer nije seizoen 'Boekekast': 'Ferhalen binne spesjaal foar de podcast skreaun'

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste dagen fan it jier hearst yn de podcast Boekekast fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Fryske skriuwers skreaunen spesjaal in ferhaal. Neist it ferhaal is yn de podcast ek in ynterview mei de skriuwer te hearren. Presintatrise Karen Bies mocht de skriuwers ûnderfreegje en fertelt no ús har ûnderfiningen.
© Omrop Fryslân

Wat is it ferskil mei de earste rige Boekekast?

"Yn seizoen 1 wie it in seleksje fan boekfragminten en koarte ferhalen út de besteande literatuer. Dit seizoen ha wy acht Fryske skriuwers frege om spesjaal foar dizze podcast in ferhaal te skriuwen. Nije, ûnbekende ferhalen dus! In oar ferskil is dat ik mei de skriuwers ek in ynterview hâld. De skriuwers dy't meidogge binne Hilda Talsma, Ferdinand de Jong, Piter Boersma, Geart Tigchelaar, Jetske Bilker, Jaap Krol, Lida Dykstra en Thys Wadman."

De kâlde smûke dagen komme der wer oan, wêrom is dizze podcast dêr sa geskikt foar?

"Podcast is simmerdeis en winters like aardich. In podcast belústerje kin oeral en altyd, op dyn selskeazen momint. Dêrom is it noch makliker as in boek lêze. Hoechst net online te wêzen, do makkest gewoan in biblioteekje op dyn smartphone mei podcasts dy't dy ynteressearje. En dan kinst in podcast belústerje op 'e fyts, yn 'e auto, ûnderút op 'e bank, ûnder it hurddraven, ûnder it húshimmeljen, op bêd. In podcast kin ek hiel ûntspannend wurkje, it jout dy de kâns dyn gedachten te fersetten."

Der is in grut ferskaat oan ferhalen te hearren yn de podcast, kinst dêr wat oer fertelle?

"Se binne allegearre aktueel mar gelokkich ha de skriuwers it net oer 'dizze coronatiid', dat soe saai wêze. Nee, de ûnderwerpen binne allegearre ferskillend. Fan âlderwetsk 'date' oant in buertbarbecue mei pynlike petearen. Ja, hoe langer ik hjir oer neitink... eangst foar útsluting, wanhoop troch ferkearde karren, ûngemak, langstme nei dyn bernetiid, drift, jaloerskens. It libben sels dus."
Boekekast is foar elk dy't graach in Frysk ferhaal hearre wol.
Karen Bies

Do mochtst de skriuwers ynterviewe, komme dêr ek nijsgjirrige ûntdekkingen oan it ljocht?

"Yn de ynterviews bedarje ik samar yn in moai en persoanlik petear. Soms giet it oer it ferhaal dat se skreaun hawwe. Jetske Bilker hat in tige spannend ferhaal skreaun, dat ek werklikheid wêze koe. Mei Piter Boersma praat ik oer de eangst foar diskriminaasje, omdat hy dat yn syn eigen famylje fan tichteby meimakket. Mei Hilda Talsma giet it oer de sekssênes yn har boeken. Lida Dykstra fertelt oer har dissipline, har twivel en perfeksjonisme. En fan Jaap Krol wit ik no dat hy op in dei oer in brêge yn Grins rûn en ynienen wist dat hy skriuwer wurde soe. Trouwens yn elk ynterview sitte sokke moaie persoanlike details. Ik ha fan Geart Tigchelaar heard dat hy sels ek in literêre podcast begûn is: Boekemantsjes. Dy sykje ik ek op."

As lêste, wat is neffens dy is bêste momint fan de dei om de podcast oan te setten?

"Ik harkje sels it leafst yn 'e auto, as ik allinnich bin. De kar fan in podcast is nammentlik hiel persoanlik, foar elke ynteresse is wol in podcast te ûntdekken. Sa lústerje ik graach nei de puberdeiboekferhalen yn 'Echt gebeurd', it feuilleton 'De plantage van onze voorouders' en alle podcasts fan Audiocollectief Schik. Mar op bêd harkje ik it leafst in yoga-podcast, om better yn sliep te fallen. Us Fryske literêre podcast Boekekast is foar elk dy't graach in Frysk ferhaal hearre wol. En sa'n ynterview mei de skriuwer makket it ekstra moai."
De earste Boekekast fan de nije rige komt sneon 7 novimber online op Omropfryslan.nl/boekekast, de Omrop-app en de bekende podcast-kanalen.