Byld fan Foekje Dillema op gevel fan Meckema State

06 nov 2020 - 14:49

Op de gevel fan soarchsintrum Meckema State yn Kollum is in grut byld fan atlete Foekje Dillema pleatst. Ien fan de bêste Fryske atletes ea wenne sels ek yn it fersoargingshûs. In tal Kollumer frijwilligers hat de ôfbylding oanbrocht op it gebou.

It wie de bedoeling dat yn oktober ek in evenemint by it fersoargingshûs wêze soe, de Foekje Dillema-bokaal. Fanwege it coronafirus is dat ferskood nei takom jier. De hurddraafwedstriid moat de atlete earje.

Dy wedstriid wurdt holden op in hurdrinbaan, dy't foar it byld fan Dillema leit. De baan wurdt noch wol ferlein, seit Erie Dam, ien fan de betinkers fan it evenemint en fan de ôfbylding. "Op in stuit fleagen hurdrinners út de bocht. Dus we begjinne no wat tichter by de brêge." De hurdrinbaan is ûnderdiel fan in strjitkeunstprojekt.

Net te ferslaan

"Foekje Dillema wie in atlete út Boerum dy't ôfgryslik hurd rinne koe. Op de 200 meter wie se net te ferslaan", fertelt Dam. "Fanny Blankers-Koen wie altyd benaud foar har wannear't se deselde wedstriid draafden. Dan die sy net mei."

"Op in bepaald stuit is Foekje bot diskriminearre. Foekje hie wat manlike skaaimerken", seit Dam. Dillema wie yn 1950 it earste slachtoffer fan in ferplichte geslachtskeuring, skriuwt har biograaf Max Dohle. It Nederlânske team moast him melde yn in sikehûs yn Den Haag, mar Dillema hat har dêrfoar ôfmeld. Publyklik wie neat bekend oer de keuringen, en de Atletykuny makke ek net bekend wêrom't Dillema skorst is. It betsjutte de ein fan har sportkarriêre, in moanne nei't se in Nederlânsk rekôr rûn op de 200 meter.

Foekje Dillema (1926-2007) wie in atlete út Boerum. Yn de koarte perioade dy't se aktyf wie yn de atletyk, wie se in grutte konkurrinte fan Fanny Blankers-Koen, dy't, oant Dillema meidraafde, in hegemony hie op de 200 meter. Nei't Dillema har ôfmelde foar in seksetest, is se troch de Keninklike Nederlânske Atletyk Uny skrast foar it libben. Nei har dea die in DNA-ûndersyk bliken dat Dillema in 'mozayk' wie fan manlike en froulike gromosomen.

De KNAU hat nei har ferstjerren yn 2007 ekskuzen oanbean en har persoanlike rekôr op de 200 meter erkend. Neffens Andere Tijden Sport wie de skorsing fan Dillema it grutste skandaal yn de Nederlânske sportskiednis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)