Ofrûne 24 oeren 87 nije besmettingen fêststeld yn Fryslân

06 nov 2020 - 14:40

Der binne de ôfrûne dei 87 nije besmettingen mei it coronafirus fêststeld yn Fryslân, dat docht bliken út de lêste sifers fan it RIVM. Dat binne der 3 minder as tongersdei. De measte besmettingen wiene yn Ljouwert en Súdwest-Fryslân: 20.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir)

Ek yn de gemeenten Eaststellingwerf (9), Smellingerlân, Noardeast-Fryslân (6) en Hearrenfean (5) waarden fiif of mear besmettingen fêststeld.

Der is ien persoan yn it sikehûs opnommen, in ynwenner fan Opsterlân. Der binne gjin nije stjergefallen meld.

Ofrûne 24 oeren 87 nije besmettingen fêststeld yn Fryslân

Lanlik wurde der 7.272 nije besmettingen meld. Dat binne der 276 mear as tongersdei.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
GGD besmetting coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)