Freedsmerk: "Minsken kwetse? Dat moatte je net dwaan. Mar it mei wol!"

06 nov 2020 - 14:21

"Minsken kwetse moatte je net dwaan, mar om't we frijheid fan mieningsutering ha, mei it wol!" Dat wie de meast hearde reaksje op de Ljouwerter freedsmerk. Oanlieding wie de opskuor nei oanlieding fan de fermoarde dosint yn Frankryk en de learaar dy't yn Nederlân ûnderdûke moast fanwegen bedrigingen. It set de diskusje op skerp oer wat yn de klassen wol of net sein wurde kin.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Moat in learaar alles dwaan en sizze kinne mei in berop op de frijheid fan mieningsutering? Of moat der krekt rekken holden wurde mei de gefoelichheid fan guon learlingen? "Alles kin hjir sein wurde. Wa't dat net befalt, moat mar fuort gean." In hiel oar lûd wie: "As je moslim-bern yn de klasse ha, kin it gjin kwea dêr rekken mei te hâlden. Mar it giet te fier om te sizzen dat je bedrigingen útlokke, as je dat net dogge."

Ien fan de minsken wiisde noch op de taak fan dosinten om learlingen sels oan it tinken te setten: "Zij moeten zaken overdragen en lontjes aansteken. De leerlingen kunnen dan zelf wel nadenken." Fierder wie der ek noch de fersuchting wêr't dy agresje yn de klassen eins wei kaam: "Dat moet wel gevoed worden door de ouders, dat kan niet anders..."

Ferslachjouwer René Koster op de Freedsmerk

(Advertinsje)
(Advertinsje)