Huzetekoart Achtkarspelen rint op, wachttiid twa jier

06 nov 2020 - 13:43

Der is grut ferlet fan huzen yn de gemeente Achtkarspelen. Dat waard tongersdeitejûn by de riedsgearkomste ek wer ûnderstreke troch ynspreker Auke Attema, foarsitter fan Initiatiefgroep Wonen Buitenpost (IWB). Hy spruts de ried ta oer dit ûnderwerp.

Foto: Shutterstock

De foarsitter is alle dagen dwaande mei it probleem. "In Buitenpost zijn er de afgelopen tien jaar meer woningen afgebroken, dan gebouwd en dat is een kwalijke zaak. Het gevolg is dat het inwonersaantal van de dorpen daalt. Het woningtekort voor alleen ons dorp is momenteel al honderdzestig tot tweehonderd woningen."

De wachttiid foar in wenning yn de gemeente is twa jier. "De doorstroom is er niet en daardoor vertrekken mensen uit deze regio naar elders", seit Attema. De inisjatyfgroep set him yn om huzen te bouwen yn Bûtenpost foar alle doelgroepen, bygelyks starters en senioaren.

It probleem spilet net allinnich yn Bûtenpost, mar ek yn oare doarpen yn de gemeente. Attema: "De omringende gemeenten hebben een groei, alleen Achtkarspelen kleurt rood op de kaart wat betreft krimp. Wij proberen de gemeenteraad wakker te schudden. Provinciaal zullen er meer mogelijkheden tot bouw moeten worden gegund."

Dit is in artikel fan RTV NOF.

Auke Attema, foarsitter fan Initiatiefgroep Wonen Buitenpost (IWB)

(Advertinsje)
(Advertinsje)