Gjin ôfhelservice Biblioteken Noard Fryslân: "Onze leners hebben erop geanticipeerd"

06 nov 2020 - 13:19

De biblioteken yn Noard-Fryslân hâlde de doarren de kommende twa wike folslein ticht. It giet om fyftjin biblioteken yn de regio. Oant 18 novimber kinne minsken dêr dus net hinne om in boek ôf te heljen en der wurdt ek net besoarge. Yn Ljouwert hat dBieb krekt in oar belied. Sy besoargje de kommende wiken boeken thús by de leden. Fraach is dan, hoe kin it dat de iene byb dat wol foarinoar krijt en de oare net?

Foto: Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

"Wij hebben daarvoor gekozen omdat het verzoek van de premier was om zoveel mogelijk thuis te blijven en zo weinig mogelijk reisbewegingen te maken", seit Paulien Schreuder fan Biblioteken Noard Fryslân.

Neffens Schreuder is de perioade fan twa wiken foar harren klanten wol te oersjen. "Zodra wij merken dat het verlengd wordt, zorgen we natuurlijk meteen dat we een afhaalservice opzetten. We hebben ook gewoon gezien dat onze leners erop geanticipeerd hebben. U had de rijen moeten zien voor de bibliotheek de afgelopen dagen."

Begryp

In groep minsken fynt it sluten fan biblioteken oerdreaun, om't krekt sy it goed foarinoar hiene. Schreuder hat lykwols wol begryp foar de sluting. "Ik denk dat alle kleine beetjes helpen. Het is ook te overzien, twee weken. Stel dat het nou echt goed gaat, zijn we er misschien weer voor een paar maanden vanaf en kunnen we weer open. Dus ik snap het wel", seit Schreuder.

Paulien Schreuder fan Biblioteken Noard Fryslân

Trefwurden: 
biblioteek coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)