Plysje Ljouwert siket tsjûgen fan oerfal yn wenning Vuurdoornstrjitte

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in oerfal tongersdeitemiddei yn Ljouwert. In man waard yn syn hûs oan de Vuurdoornstrjitte oerfallen troch twa manlju mei bivakmûtsen op. Under bedriging fan in mes moast er syn bankpas ôfjaan oan de oerfallers. De fertochten binne dêrnei útnaaid.
© Kappers Media
Der waard in syktocht nei de oerfallers opset, mar dy hat noch neat opsmiten. Ek in oprop op Burgernet om út te sjen nei de twa manlju bleau sûnder resultaat.
Neffens de plysje giet it om twa manlju mei bivakmûtsen op en swarte moffen oan. Se hienen in donkerblauwe jas en spikerbroek oan. De oerfallers binne tusken de 1.60 en 1.80 meter lang en ien fan harren hie wite skuon oan.