Bistegreide Bûtenpost siket nij plak foar 'terrorhoannen'

06 nov 2020 - 11:38

Se hâlde Bûtenpost al in pear dagen yn de besnijing: de terrorhoannen yn de nije bistegreide yn it doarp. Dy hoannen hawwe safolle lûd, dat der anonime klachten dien binne by de Stichting Dierenweide Buitenpost. It bestjoer fan de bistegreide is net te sprekken oer de anonime klachten, mar siket no wol in nij plak foar de hoannen. Neffens Doarpsbelang Bûtenpost stie it hoe dan ek net yn de planning om hoannen yn de greide te hawwen.

Bistegreide Bûtenpost siket nij plak foar terrorhoannen

Sûnt maart dit jier kinne minsken fan de bistegreide fol mei kninen, einen, hinnen en alpaka's genietsje. "Vanuit plaatselijk belang kwam de wens om een dierenweide op te richten, waar wij gehoor aan hebben gegeven", sa seit Douwe van Oosten, foarsitter fan Stichting Dierenweide Buitenpost. De hoannen binne lykwols sa aktyf, dat minsken anonime klachten yntsjinne hawwe.

'Een of andere vage naam'

Oer de gong fan saken is Van Oosten net te sprekken. "Wij zijn een volwassen organisatie, wij gaan volwassen met klachten om. Mensen die onder een andere naam of anoniem een klacht indienen die nemen wij niet in behandeling." De klachten binne ûnder 'een of andere vage naam' op Facebook pleatst, sa seit Van Oosten. "Toen we vroegen waar ze woonden, wilden ze die informatie niet bekend maken. Vervolgens werd gedreigd met Omrop Fryslân, de gemeente, de politie, etc. Daar ben ik vrij ongevoelig voor."

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

De stichting hat lykwols wol besletten om in oar plak foar de hoannen te sykjen. "Het bestuur zei ook: 'we zouden ook geen hanen in de dierenweide plaatsen', dus dan gaan de hanen gewoon weg, punt."

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar mei Douwe van Oosten fan Stichting Dierenweide Buitenpost

Ek by it doarpsbelang fan Bûtenpost kamen klachten binnen, sa seit Loes van Denderen, de foarsitter. "Het betreft voornamelijk geluidsoverlast. Het geluid draagt natuurlijk heel ver. De dierenweide is omringd door huizen, en ook het verzorgcentrum Haersmahiem is in de buurt." De stichting hat anonime klachten krigen, mar by it doarpsbelang binne de minsken wol bekend. "Wij hebben van één iemand een klacht binnen gekregen, die aangaf dat het een probleem was."

Net yn 'e panne

Dat de hoannen tefolle lûd meitsje, wol lykwols net sizze dat der in ein oan de bistegreide komt. "We zijn heel erg blij met deze plek, het is een heel plezierige manier om te zien hoe de beesten leven en wat ze doen."

Foar de hoannen wurdt no in nij plak socht, en dat liket ek al fûn te wêzen. "We willen niet dat de hanen in de pan terechtkomen. Eén haan wordt vandaag opgehaald, en er heeft via Facebook nog iemand zich aangemeld om de hanen op te halen," sa seit Van Denderen.

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar mei Loes van Denderen fan Doarpsbelang Bûtenpost

(Advertinsje)
(Advertinsje)