GGD Fryslân: Pyk yn nije besmettingen is foarby

06 nov 2020 - 11:30

It tal coronabesmettingen yn Fryslân is foar de tredde wike op rige ôfnaam. De delgong giet wol minder hurd as de twa wiken hjirfoar. De ôfrûne sân dagen binne der 838 besmettingen meld by it RIVM, dat binne der 88 minder as in wike earder.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

"We zijn de piek voorbij", seit GGD-dokter Everhard Hofstra. "Dat durven we nu wel te zeggen." Trochdat it tal coronabesmettingen werom rint, komt der by de GGD Fryslân wer mear romte foar boarne- en kontaktûndersyk.

Ferline wike spruts de GGD Fryslân noch soargen út oer it hege tal besmettingen ûnder âlderein. "Dat percentage loopt nog niet terug, dus er is nog geen reden om de vlag uit te steken." De ôfrûne wike rekken der fyftjin minsken yn fersoargingshuzen besmet.

De measte nije besmettingen binne de ôfrûne wike fêststeld yn Súdwest-Fryslân (212). Dêrnei komt Ljouwert mei 129.

Der binne acht stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus yn Fryslân de ôfrûne wike. In wike lyn wiene dat der njoggen. Yn totaal binne der no 93 Friezen stoarn oan it firus.

Sikehûzen reitsje foller

It tal sikehûsopnamen yn Fryslân nimt ta: dizze wike wiene dat der sân, tsjinoer twa in wike lyn. It binne wol minder as twa wiken lyn, doe waarden fjirtjin Friezen opnaam yn it sikehûs mei in coronabesmetting.

De Fryske sikehûzen lizze wol foller mei coronapasjinten: yn totaal 74. Dat binne 23 pasjinten op de intensive care en 51 op oare ôfdielingen. Heal april leine der foar it lêst safolle coronapasjinten op de Fryske ic's. De measte coronapasjinten yn de sikehûzen yn Noard-Nederlân komme út oare regio's.

It hege tal coronapasjinten dy't yn de sikehûzen lizze, wie foar it kabinet dizze wike ek reden om ekstra maatregels te nimmen. It duorret nei ferwachting noch in lytse twa wiken foardat de delgong fan it tal besmettingen ek werom te sjen is yn de sikehûssifers.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Everhard Hofstra fan de GGD

Nije coronabesmettingen de wike yn Fryslân

Wike Tal besmettingen
30 oktober - 5 novimber 838
23 oktober - 29 oktober 926
16 oktober - 22 oktober 1.051
9 oktober - 15 oktober 1.160
2 oktober - 8 oktober 666
25 septimber - 1 oktober 515
Trefwurden: 
GGD Fryslân RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)