Bestjoerder scootmobyl ferwûne nei ûngelok mei auto oan Ikesingel yn Drachten

06 nov 2020 - 10:51

In bestjoerder fan in scootmobyl is freedtemoarn ferwûne rekke nei't er skept is troch in auto. Dat barde op in oerstek plak oan de Ikesingel yn Drachten.

Foto: De Vries Media

Rûnwei healwei tsienen waarden de helptsjinsten alarmearre foar it ûngelok. Nei alle gedachten hat de bestjoerder fan de auto de scootmobyl oer de holle sjoen. De persoan yn de scootmobyl is mei ferwûningen nei it sikehûs brocht. De bestjoerder fan de scootmobyl stuts de dyk oer by in sebrapaad. De plysje docht ûndersyk nei hoe't it ûngelok barre koe.

Trefwurden: 
ûngelok auto scootmobyl
(Advertinsje)
(Advertinsje)