Jongereinboa moat gewelds- en drugsoerlêst yn Noardeast-Fryslân tsjingean

06 nov 2020 - 10:51

De gemeente Noardeast-Fryslân krijt takom jier in jongereinboa. De gemeenteried stimde tongersdeitejûn mei in grutte mearderheid yn mei it foarstel. De funksje is bedoeld as oanfolling op it reguliere jongereinwurk.

Foto: RTV NOF

Geweldsynsidinten en drugsoerlêst binne de gemeente de lêste tiid net frjemd, sa hat boargemaster Kramer ferline wike al yn de riedsgearkomste meld. It bart yn Dokkum, mar ek yn in tal omlizzende doarpen. Kramer sei der daliks by dat de gemeente hjirfan skrikt en dat dit ek net te tolerearjen falt. De moasje om it jongereinwurk breder op te pakken, yn gearwurking mei it projekt 'ûnderwiis en soarch' en bredere ôfspraken mei it wolwêzenswurk, waard oannaam.

"Verbinder naar de jeugd"

Wethâlder Jouke Douwe de Vries hat betrouwen yn de mearwearde fan in jongereinboa. "Deze persoon moet een goede verbinder zijn naar de jeugd en jongerengroepen. En als het even kan ook in gesprek gaan met deze doelgroep, mochten ze voor overlast zorgen. We willen ze absoluut niet met de botte bijl benaderen. Laat dat helder zijn. Zo'n jeugdboa is meer dan een handhaver en kan eventueel heel mooi de dialoog zoeken", sa tinkt de wethâlder.

Wol wiene der hjir en dêr wat krityske opmerkingen, ûnder oare fan fraksjefoarsitter Johan Talsma fan de partij ELP NEF. "De jeugdboa is voor ons een soort van aanhangsel op het bestaande beleid. Je plakt er iets aan vast en dat is volgens mij niet de bedoeling. Het geeft eerder aan dat het bestaande jongerenbeleid niet op orde is. Doe daar dan eerst wat aan", sa fynt Talsma.

Dit is in artikel fan RTV NOF.

Wethâlder Jouke Douwe de Vries oer de mearwearde fan de jongereinboa

(Advertinsje)
(Advertinsje)