Stjertesifers yn Fryslân gelyk oan ferline jier: "Tot nu toe geen goede verklaring voor"

06 nov 2020 - 10:26

De stjertesifers fan Fryslân binne neffens it CBS it ôfrûne jier ûngefear itselde as de sifers fan it jier dêrfoar. Dat is opfallend, om't der fan út gien wie dat der troch corona mear minsken ferstoarn wiene. Yn de stjertesifers fan Fryslân is ferrassend genôch gjin pyk te sjen, wylst dat by in protte oare provinsjes wol it gefal is. "Hoe dat kan, is een hele moeilijke vraag", seit Tanja Traag, sosjolooch fan it CBS.

Foto: ANP

"In de eerste golf zag je dat covidsterfte vooral in een aantal provincies heel duidelijk aanwezig was. Dat begon in Noord-Brabant en Limburg, dat waaierde daarna wat uit naar de Randstad. De noordelijke provincies bleven daar redelijk van verschoond", seit Traag.

Dat hat der fansels mei te krijen dat der yn de noardlike provinsjes minder besmettingen wiene. "Misschien omdat bij jullie de vakanties destijds al geweest waren en er al bekend was wat er aan zat te komen. Iedereen was weer rustig aan het werk, ging niet meer op wintersport, en er werden geen feesten gevierd meer werden zoals carnaval", seit Traag.

Gjin ferklearring

"Nu zien we eigenlijk zowel de besmettingen als de sterfgevallen over heel Nederland verspreid raken, maar nog steeds wel wat minder in de Noordelijke provincies. We hebben daar tot nu toe geen goede verklaring voor. Dat heeft er ook mee te maken dat de patronen over Nederland nu nog best lastig te analyseren zijn", seit de sosjolooch. Dat hat der neffens har mei te krijen dat it tal stjergefallen yn de twadde golf oant no ta in stik leger is.

"Wat betreft de sterfte is de tweede golf eigenlijk pas in week 40 begonnen en we hopen dat die snel weer stopt. Daarna kunnen we pas wat meer zeggen over dit soort patronen", seit Traag.

Tanja Traag fan it CBS

(Advertinsje)
(Advertinsje)