Wat moatte de nammen wurde fan de nije Arriva-treinen?

06 nov 2020 - 09:30

Mei yngong fan kommende maitiid rydt ferfierder Arriva mei achttjin nije treinen yn Fryslân en Grinslân. Dy WINK-treinen moatte allegear in namme krije en dêrom skriuwt Arriva in wedstriid út. Minsken kinne har favorite bestimming trochjaan as namme foar de trein.

De nije trein fan Arriva yn Harns foar in proefrit - Foto: CAMJO media

Mei bestimmingen bedoelt Arriva bygelyks in natuergebiet, in festival, in stêd, in doarp, tsjerke, museum of fontein. Elkenien kin in bestimming trochjaan. In sjuery makket út de ynstjoeringen in seleksje fan 36. It publyk kin dêrnei stimme op de achttjin bêste opsjes. Begjin 2021 makket Arriva bekend wat de nije nammen wurde dy't op de treinen komme.

Foto: Arriva

De sjuery bestiet út Arriva-direkteur Anne Hettinga, deputearren Avine Fokkens en Fleur Gräper, ûndernimmer Ben Woldering, skriuwer Nynke de Jong, keunstner Joop Mulder en NDC-einredakteur Evert van Dijk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)