Corona yn famylje dêr't mem in auto-ymmúnsykte hat: "De eerste reactie was paniek"

06 nov 2020 - 09:03

De impact fan corona op guon minsken en famyljes is grút. Sa ek op dy fan Anna Zuidema. De fotograaf út Harns hat in auto-ymmúnsykte en is kwetsber. Se wie sa foarsichtich, dochs moast har famylje it ûntjilde. Har soan krige corona en Anna sit no yn karantêne.

Foto: Simone Scheffer

Foar har auto-ymmúnsykte moat Anna medisinen nimme dy't har ôfwar remje. Se is dêrtroch ekstra kwetsber foar oare sykten. Doe't corona tichter yn de buert kaam, wie se mei har man en twa soannen dan ek in stik foarsichtiger. "De huisarts zei al tegen ons dat mensen met een verzwakt immuunsysteem er veel moeilijker weer bovenop komen." En dat wol sy absolút foarkomme. "Ik wil er zijn voor mijn gezin. Je wilt nog veel en als je hier niet bovenop komt, wat blijft er dan nog over?", freget Anna har ôf.

Se ha in protte dien om it firus bûten de doar te hâlden. "Al vanaf de eerste golf kwam ik eigenlijk al niet meer buiten. Niet naar winkels, niet de stad in", fertelt Anna. Uteinlik bleaune ek de bern thús. "De kinderen bleven voor de zomer thuis, omdat ze niet naar school mochten. Maar zelfs daarna heb ik mijn jongste zoon thuis gehouden. De enige die nog echt buiten kwam was mijn man." Hy die de boadskippen en gie nei it wurk. Oant it momint, dêr't sy sa bang foar wiene, dochs kaam.

De eerste reactie was paniek. Volledige paniek.

Anna Zuidema

De âldste soan krijt heakoarts. Alteast, dat tinkt de famylje. Anna: "Wij dachten dat zijn hooikoorts weer opspeelde, maar voor de zekerheid hebben we hem toch laten testen. Dan kon hij daarna gewoon weer naar school. Wij gingen er al helemaal vanuit dat het goed zou zijn." Mar it is net goed, de test is posityf.

"De eerste reactie was paniek. Volledige paniek. Ik heb gelijk mijn man gebeld en gezegd: ik haal je nu op, wij gaan in quarantaine", seit Anna. De rest fan de húshâlding is ek daliks test. Doe die bliken dat Anna har man ek noch besmet wie.

'Slechte film'

Anna: "Ik heb het geluk dat mijn moeder vlak achter ons woont, dus wij hebben de koffer gepakt en de nodige spullen en zijn halsoverkop naar haar toe gegaan. Zij is getest en ook negatief, dus daar zaten we veilig." Anna hat dêr mei har jongste soan tsien dagen sitten. Dat hat in enoarme impact. "Het is heftig. Eigenlijk wordt je nu geleefd. Het lijkt een soort slechte film waar je in zit."

Se sjogge inoar allinne noch efter it rút. "Wij lopen soms van mijn moeders huis even naar huis om daar voor het raam te zwaaien. Dan kunnen we elkaar even zien en dat is toch wel even heel fijn." Dochs is it ek konfrontearjend. "Je hebt zelf zo je best gedaan, dan voelt dit zó niet eerlijk."

Anna wol mei har ferhaal sjen litte dat it elkenien oerkomme kin en dat wy allegearre foarsichtich wêze moatte. "Het is Russische roulette, dit."

Anna Zuidema oer de impact fan corona op har famylje

(Advertinsje)
(Advertinsje)