Kollum: "De sinnen fersette"

"Doe't ik lêst in kear yn 'e auto siet, krige ik ynienen in bepaald gefoel dat út djipst fan myn siel nei de oerflakte kaam mar it wie net in opfleaner. Fan dit gefoel waard ik hiel fleurich en ik fielde my sa lokkich, doe't de bylden my troch holle de skeaten. Doe't direkt dêrnei it besef kaam dat it ûnmooglik wie, sakke de moed my ek dalik wer yn 'e skuon.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
Ik ha bêst wol twivele oft ik dit mei jim diele moast, omdat der wol wichtiger saken binne, mar ik ha besletten it al te dwaan. Ik ha de ôfrûne jierren al safolle oan jim tafertroud en miskien binne der wol minsken dy't my begripe. Der sille ek wol guon wêze dy't tinke dat ik se net allegear mear op in rychje ha mar dat kin my neat skele want ik bin dochs al troud, dus hjir komt it: Ik soe echt hiel graach de polonêze wer in kear dwaan wolle! Sa, dat is derút!
Tusken al it ferkiezings-, komplotte- en coronageweld wol ik it leafste domwei wer in kear feestfiere. Yn in feesttinte, mei in fette band op it poadium en in pear dronken boeren om tsjin oan te beuken. Omdat se sa ferfelend binne en mei bier goaie. Of gewoan, omdat we allegear sa ticht op elkoar steane te springen en te hossen. It liket my sa moai om werris yn alle frijheid genietsje te kinnen fan in ûnbesoarge tiid, dêr't nimmen op dit momint fan wit wannear't dy wer komme sil.
Ik hâld my sa goed mooglik oan de regels en ik wie foar de corona ek net bepaald immen dy't alle wykeinen op 'en paad wie. Mar sa út en troch ris út 'e bân springe, is net allinnich oan de jongerein bestege. Der binne genôch âlde nuten dy't soks ek noch graach dogge, sels as se yn de oergong sitte en de tinte sûnder it feest ek al út switte.
In mins moat de sinnen dochs in kear fersette? Ik ha hiel lang tocht dat it my neat skele koe, mar nei myn fisjoen fan de polonêze én dan benammen it gefoel dat it teweibrocht, is dat al feroare. In polonêze, hoe stom kin it wêze. Earlik sein heakke ik lang net altyd oan, mar hoe bysûnder is soks no!
Elkoar by de bealch of skouders pakke en ticht op en lâns inoar as in stel heale soalen sûnder mûlkapke troch in feesttinte swalke en swiere; dêr soest no in dikke bekeuring foar krije. Watte?! Dêr kinne se dy hast wol foar yn 'e finzenis smite! En dy jonge steltsjes dy't elkoar pontifikaal op 'e bek pakke op de dûnsflier, wiene hielendal gefaarlik dwaande, wylst it der eins altyd bêst wol skattich en in tikje ûnbehelplik útseach.
Mar ha wy dat allegear net leare moatten? Ik freegje my ôf hoe't de jeugd it no hat en ik kin it my yntinke dat se hjir en dêr stikem noch wolris wat fliber útwikselje. Hormoanen binne no ien kear net sa gau tsjin te hâlden, dêr wit ik alles fan. En omdat ik no sa'n hyt wiif wurden bin, ha ik besletten dat ik ek wolris achter de feesttinte bedarje wol.
Dêr ha ik nammentlik noch noait west. Mar as ik in kreaze skûtsjeskipper tsjinkom dy't trije kear op in rige kampioen wurden is yn de IFKS, dan wurdt it al gefaarlik. Hielendal as er kâlde hannen hat en der in bytsje nachtfroast is! Wat we achter dy tinte dogge, sjogge we dan wol wer. Miskien wol in polonêze mei de buorlju!"