Coronanijs freed 6 novimber: 'Pyk yn nije besmettingen is foarby'

06 nov 2020 - 22:17
  • Der binne freed yn Fryslân 87 nije coronabesmettingen, trije minder as juster;
  • De GGD meldt dat de pyk fan it oantal nije besmettingen foarby is;
  • Der lizze 74 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen, it heechste tal sûnt heal april;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
22:01
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog mei it Fryske coronanijs fan freed 6 novimber. We sette it belangryskte nijs fan hjoed noch ien kear op in rychje:

  • De Fryske GGD seit dat de pyk yn it oantal nije coronabesmettingen foarby is, der binne hjoed yn Fryslân 87 nije besmettingen meld;
  • De stjertesifers fan Fryslân binne dit jier ûngefear itselde as in jier lyn, wylst we der fanút gongen dat der troch corona mear minsken ferstoarn wiene, meldt it CBS;
  • De gemeente Súdwest-Fryslân, dy't relatyf de measte besmettingen fan Fryslân hat, meldt dat benammen minsken fan 18 oant 30 jier, en 70-plussers troffen wurde troch it firus;
  • Fryslân krijt in ekstra grutte teststrjitte, en ien fna de besteande testlokaasjes wurdt útwreide sadat dêr sneltesten oanbean wurde kinne, mar wêr't it wêze sil, is noch net dúdlik;
  • De NS past de tsjinstregeling oan en skrast 10 persint fan de treinen;
  • It fanfarekampioenskip dat yn 2021 yn Drachten holden wurde soe, giet net troch, ûnder oare omdat de organisaasje it dreech fynt de finânsjes rûn te krijen foar in evenemint dat miskien wol skrast wurdt;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.

Moarn binne wy der wer mei in nij liveblog.

20:25
Kabinet: Grutte winkels moatte tafersjoch hâlde yn winkelstrjitten

It kabinet hat mei fertsjinwurdigers fan grutte winkelketens ôfpraat dat dy it tafersjoch yn de winkelstrjitten organisearje sille. Der is ek praat oer hanthavening. Dêr is noch gjin beslút oer naam.

Earder binne der al ôfspraken makke oer ûnder oare in maksimumoantal klanten yn de winkel. Neffens de Ryksoerheid binne der grutte ferskillen yn de manier wêrop't winkels dy ôfspraken neikomme.

19:36
"Mei in bril is de kâns op corona lytser"

Minsken mei in bril wurde minder faak yn it sikehûs opnaam fanwege in slim ferrin fan it coronafirus as minsken dy't gjin bril drage. Dat soe derop tsjutte kinne dat brillen beskermje tsjin it firus. Dat meldt de Ljouwerter Krante.

Firoloog dr. Coretta Van Leer fan it UMCG fynt it net ferrassend. "We weten ook van andere luchtwegvirussen dat je via de ogen geïnfecteerd kan raken: , seit se yn de krante. Brilleglêzen foarmje in ekstra barriêre tsjin it firus.

18:57
Follybalbûn skrast kompetysjeduels foar de rest fan it jier

De follybalkompetysjes yn Nederlân geane dit jier net mear fierder. Follybalbûn Nevobo hat dat besletten nei oanlieding fan de coronamaatregels.

Allinne de teams yn de earedifyzje soene noch yn aksje komme kinne. Nije wike praat it follybalbûn dêr oer, mei in ministearje fan VWS, krekt as de oare sportbûnen. Alle kompetysjes ûnder de earedifyzje sette net earder sa begjin 2021 wer útein.

17:39
NS past tsjinstregeling oan en skrast 10 persint fan de treinen

De NS past de tsjinstregeling oan, om foar te kommen dat ritten útfalle fanwege sykte ûnder it personiel. Boppedat binne der fanwege de coronakrisis folle minder passazjiers as oars. Dat meldt de NS. Ein novimber rydt noch 90 persint fan de treinen.

Earder waard al dúdlik dat Arriva mei yngong fan 13 desimber in tal busritten skrast, omdat der troch it coronafirus minder reizgers binne. Neffens Arriva is it oantal reizgers yn Fryslân mei 40 persint ôfnaam, yn ferliking mei in jier earder. Minsken wurkje mear thús en mije drokte.

16:58
Fanfarekampioenskip 2021 skrast fanwege corona

It ONFK fan 2021 giet net troch, fanwege de coronakrisis. De sitewaasje is te ûnwis, meldt de organisaasje. "Iedereen zou een glazen bol willen om te kijken hoelang deze situatie nog gaat duren. Zo ook wij, maar helaas hebben wij die bol niet." It kampioenskip is alle jierren yn de Lawei yn Drachten.

Diriginten sizze dat se net witte wannear't repetysjes mei in folsleine fanfare wer tastien wurde, en oft se genôch tiid ha om har ta te rieden op it kampioenskip. De organisaasje hat deselde soargen, en wit ek noch net hoe't se in grut evenemint hâlde moatte sûnder de coronaregels te oertreden. Boppedat is it lestich om de finânsjes rûn te krijen foar in evenemint dêr't it noch net wis fan is oft it wol trochgean kin, meldt de organisaasje.

It kampioenskip wurdt no holden yn 2022. De organisaasje ûndersiket oft der yn 2021 lytsere eveneminten holden wurde kinne.

15:51
Gemeente Súdwest-Fryslân: Measte besmettingen by minsken fan 18 oant 30 jier, en 70-plussers

De gemeente Súdwest-Fryslân hat op dit stuit relatyf sjoen de measte coronabesmettingen fan de provinsje. Earder sei boargemaster Jannewietske de Vries dat der gjin sprake wie fan klusters fan besmettingen, en dat de besmettingen ferspraat wiene oer de ferskillende leeftiidsgroepen. Yntusken is dúdlik dat de measte besmettingen yn dy gemeente konstatearre wurde by minsken fan 18 oant 30 jier, en by 70-plussers. Dat meldt de gemeente.

De gemeente ropt minsken op om de maatregels te folgjen, en besites safolle mooglik te beheinen.

15:04
Feilichheidsregio: Boadskipjen is no oars as oars
14:15
87 nije coronabesmettingen

It RIVM meldt hjoed 87 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Juster wiene dat der 90. Foar it earst yn lange tiid binne der trije dagen minder as hûndert nije besmettingen.

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Ljouwert (20) en Súdwest-Fryslân (20). Der is ien nije sikehûsopname, in ynwenner fan Opsterlân. Der binne gjin nije stjergefallen meld.

Lanlik wurde der 7.272 nije besmettingen meld.

Sjoch foar mear sifers op ús dossierside.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)