Noardeast-Fryslân ûndersiket frijstelling toeristebelesting foar jonge bern

De gemeenteried fan Noardeast-Fryslan hat besletten ûndersyk te dwaan nei it ophâlden mei it heffen fan toeristebelesting foar bern ûnder de tolve jier. De FNP tsjinne dizze moasje yn, mei stipe fan S!N, VVD en CDA. De moasje waard oan 'e ein fan de riedsgearkomste unanym oannommen. Elke toerist boppe de tolve jier moat fan 1 jannewaris 2021 wol 1,50 de nacht oermeitsje.
© RTV NOF
Fraksjefoarsitter Bert Koonstra fan de FNP sprekt fan in 'boppeslach', ek al giet it taryf fan de toeristebelesting omheech. "Dat is in soere apel, it is min te fertarren. Mar om goeie tsjinstferliening biede te kinnen, is gewoan jild nedich."

Kompensaasje

As kompensaasje soene jonge bern frijsteld wurde kinne fan toeristebelesting. Koonstra: "Wy besykje no minsken ûnder de tolve jier frij te stellen. Dat kin ek in moai marketingynstrumint wêze, om famyljes mei jonge bern te lûken."
It kolleezje komt yn desimber werom nei de ried mei de útkomsten fan it ûndersyk.
Dit is in artikel fan RTV NOF.
Bert Koonstra, fraksjefoarsitter fan de FNP