UPDATE: Fertochte oanhâlden nei gewelddiedige oerfal op It Hearrenfean

Op in parkearplak oan De Beugel op It Hearrenfean is tongersdeitejûn in 23-jierrige man ferwûne rekke by in oerfal troch trije manlju. It slachtoffer waard mei in foarwerp tsjin de holle slein. Neffens de plysje gie it mooglik om in fjoerwapen. De trije fertochten naaiden dêrnei út. De plysje hat in 21-jierrige fertochte fan It Hearrenfean oanhâlden fanwege mooglike belutsenheid by de oerfal. Dizze persoan is neffens de plysje net ien fan de trije oerfallers.
Oerfal op It Hearrenfean
De plysje sette grut yn op de syktocht nei de dieders en hat ferskate auto's oan de kant set en ûndersocht. Der is ek buertûndersyk dien en der is in plysjehûn ynset. In auto op it parkearterrein is meinaam foar fierder ûndersyk.
Nei oanlieding fan de oerfal gie der in Burgernet-melding út, om út te sjen nei de fertochten, mar dy smiet neat op. It gie om trije ljocht tinte manlju tusken de 18 en 20 jier. Ien fan de manlju hie in read fest oan.
© De Vries Media