Fries Museum siket borduerde troujurk foar nije tentoanstelling

05 nov 2020 - 22:46

Hasto op it souder tafallich noch in wite hânborduerde troujurk lizzen? Dan moat it Fries Museum dy ha. It museum siket de troujurk foar de tentoanstelling Haute Bordure, dy't op 13 febrewaris iepenet.

Foto: Fries Museum

Yn de tentoanstelling stiet borduerwurk yn de moade sintraal. Der wurdt in spesjale romte ynrjochte foar fyn, wyt borduerwurk dat wichtige libbensmominten as berte, doop en houlik markearret. It museum mist dêrfoar noch in (histoaryske) wite, hânborduerde troujurk.

Minsken dy't soks lizzen hawwe, kinne it museum dêrfan in foto maile, mei dêrby safolle mooglik ynformaasje, lykas in datearring, it materiaal en de steat dêr't de jurk yn ferkeart.

Haute Bordure

Fan 13 febrewaris oant en mei 18 july presintearret it Fries Museum in grutte tentoanstelling oer bordueren yn de moade. De revival fan it ambacht by grutte moadehuzen en moderne ûntwerpers wurdt yn histoarysk perspektyf pleatst oan de hân fan fjouwer iuwen borduerwurk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)