Stopsetten subsydzje De Wâldsang kostet fjirtich dosinten harren baan

05 nov 2020 - 22:26

It stopsetten fan subsydzje oan kultuersintrum De Wâldsang troch ûnder oare de gemeente Achtkarspelen soe fjirtich dosinten harren baan kostje, stelt Ingrid van Huizen. Sy spruts de ried fan de gemeente tongersdeitejûn nochris ta út namme fan de muzykskoalle.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De muzykskoalle is mei de fraksjes yn petear gien oer de gefolgen fan it net mear bydragen oan it muzykûnderwiis yn de gemeente mei yngong fan 1 jannewaris 2022.

"Het zou betekenen dat wij steeds minder kunnen doen en organisatorisch moeten worden afgebouwd. Zonder de bijdragen zullen veertig docenten werk verliezen", seit Van Huizen. "Sinds 2005 werkt de De Wâldsang als een coöperatie. Sindsdien werken wij met veertig procent minder budget. Tot gevolg dat wij momenteel al uiterst efficiënt werken."

Goed ûnderwiis

Frijwol alle partijen jouwe oan net besunigje te wollen op muzykûnderwiis. Dochs wol dat net sizze dat it takennen fan de subsydzje in wissichheid is. De Wâldsang sjocht lykwols gjin mooglikheden om noch mear jild yn te leverjen om goed en kwalitatyf ûnderwiis biede te kinnen oan tûzenen bern.

Ek hat it bestjoer kontakt socht mei de Muziekfederatie Achtkarspelen, skoalorganisaasjes Noventa en ROBOOL, om te sjen nei de situaasje. De lêste twa organisaasjes soene it spitich fine wannear't it muzykûnderwiis op skoallen ferdwine soe.

17.000 euro besunigje

It CDA frege dúdlikens oer de gefolgen fan de besunigings fan de gemeente Dantumadiel. Tiisdeitejûn waard bekend dat dizze gemeente 17.000 euro besunigje sil.

Neffens Van Huizen is dat foar it jier 2021 noch te oersjen en hat dat noch gjin grutte gefolgen. "Maar mochten er in 2022 nieuwe bezuinigen volgen, dan redden wij het simpelweg niet. Wanneer ook de gemeente Achtkarspelen de subsidie gaat stopzetten of bezuinigen dan volgt er een domino effect. Dat doorwerkt, want de vaste kosten zullen gewoon blijven."

It Cultuurcentrum helle yn in koarte perioade 4.000 hantekenings op om sjen te litten dat der wol deeglik ferlet is fan muzykûnderwiis.

Dit is in artikel fan RTV NOF.

(Advertinsje)
(Advertinsje)