Sint-Jabik krijt in 'doarpshúskeamer': "Ik wol dat minsken grutsk binne op dit doarp"

05 nov 2020 - 22:16

Yn it gebou fan De Opstap, de âlde iepenbiere basisskoalle yn Sint-Jabik, brânt jûns ljocht, mar de foardoar is ticht. Dochs moat de doar wer iepen, sa fynt Bertina Algra, dy't sels yn it doarp wennet. Foar har stúdzje Social Work yn Ljouwert betocht se dat se fan it gebou de húskeamer fan Sint-Jabik meitsje woe. No mei se it idee útfiere, yn opdracht fan de gemeente.

Foto: Fempics

"It moat in sintrum wurde dêr't talintûntwikkeling sintraal komt te stean. In sosjale wenkeamer dêr't minsken kofje drinke kinne, inoar moetsje kinne en dêr't allegearre aktiviteiten barre. En it is echt foar alle ynwenners fan Sint-Jabik, ynklusyf jeugd."

Wannear't Bertina oer it plan fertelt, begjint se te strielen. It is betocht foar har stúdzje, mar letter waard se benadere troch de gemeente Waadhoeke. Oft se it plan yn de praktyk bringe woe. "Fantastysk dochs?"

In nij hert foar Sint-Jabik

Om te sjen oft har idee wol paste by it doarp, hat Bertina in enkête holden. Want, sa seit se, it is wichtich dat plannen en ideeën fan ûnderop komme. Dêrom wol se ek net te konkrete plannen foar De Opstap ha.

"Dat ha ik net skriftlik dien, want dêr komt net genôch reaksje op. Dus ik ha mei frijwilligers by alle 900 huzen yn it doarp persoanlik del west. En minsken fine it dan hiel noflik dat ien freget hoe't it mei se is en wat se nedich ha. En sa komst yn petear, en dat leveret in soad op. Sa wurdt it doarp ûnderdiel fan de plannen, en wurde dy ek breed droegen."

Bertina Algra fan Sint-Jabik oer De Opstap

Neist it gebou leit in stikje grien. It is de bedoeling dat dêr yn de takomst wat bistjes rinne. "Skoalbern kin dy dan adoptearje, sadat se út skoalle wei efkes nei De Opstap komme om harren knyn brokjes te jaan. Hiel ienfâldich, mar sa hingje se net thús mar wat om."

Sint-Jabik ta libben bringe troch it in nij hert te jaan dus. "Dat der aanst noch mear minsken sizze, ik bin grutsk op dit doarp, wat wenje we hjir moai. Dat hoopje ik", seit Algra.

'Ik fiel my hjir thús'

De doar is no noch ticht, mar moat dus binnen in pear jier iepen. Wat minsken dan tsjinkomme? "In plak dêr't it brûst. Dêr't minsken aardige dingen dogge, en dat minsken dêr foldwaning út helje", leit Algra út. "In stikje gelok, dat se sizze, wat fiel ik my hjir thús. De essinsje fan it libben tink ik."

(Advertinsje)
(Advertinsje)