Campus Fryslân en Wetterskip daagje jongerein út mei te tinken oer klimaat

05 nov 2020 - 21:53

Wetterskip Fryslân en RUG/Campus Fryslân daagje jongerein mei de Citizen Climate Adaption Award út om mei te tinken oer libben yn in klimaatbestindich Nederlân. Der binne twa priisfragen: 'de klimaatbestindige stêd' en 'bouwe oan in klimaatproof Nederlân'.

RUG / Campus Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De priisfraach oer de klimaatbestindige stêd is foar jongerein fan 15 oant en mei 18 jier. Sy kinne oplossings oandrage foar twa problemen: hjittestress en wetteroerlêst yn stêden. Se kinne dêrfoar in foarstel skriuwe, in filmke meitsje, in enkête bouwe of wat oars kreatyfs dwaan.

De twadde priisfraach is foar jongerein yn de leeftiid fan 19 oant en mei 24 jier. Ek sy kinne op allerhande manieren oplossings oandrage.

Jildpriis

De Citizen Climate Adaptation Award bestiet út jildprizen dy't op sneon 23 jannewaris 2021 yn Ljouwert oerlange wurde. Yn de jongste leeftiidskategory is der maksimaal 500 euro te winnen, yn de âldste 1.000 euro.

Op 23 jannewaris binne ferskate eveneminten yn it ramt fan de ynternasjonale klimaattop foar klimaatadaptaasje, wêrûnder in besite fan de Súd-Koreaanske diplomaat Ban Ki-moon oan Campus Fryslân.

Fernijende ideeën

De Citizen Climate Adaptation Award fan Wetterskip Fryslân en RUG/Campus Fryslân is ta eare fan it wurk fan earder dykgraaf Paul van Erkelens. It is in boargerwittenskipspriis dy't fan 2021 ôf ien kear yn de twa jier útdield wurdt oan jongerein dy't fernijende ideeën oandraacht oer klimaatoanpassing.

It doel fan de priis is it kreëarjen fan bewustwêzen oangeande it tema klimaatadaptaasje en om jongerein oan te moedigjen om oplossings te ûndersykjen.

Jongerein dy't it wol wat ta liket om mei te dwaan, kin har foar 10 desimber oanmelde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)